Altai-berchtme
  berchtme
In lânkaart fan it Altai-berchtme.
In lânkaart fan it Altai-berchtme.
geografy
regioSintraal-Aazje
lân Ruslân
Kazachstan
Mongoalje
Sina
sifers
lingte2100 km
heechste puntBelûcha
hichte4506 m
geology
yndielingheechberchtme

It Altai-berchtme (Russysk: Алтай, Altaj; Kazachsk: Алтай Таулары, Altay Tawları; Mongoalsk: Алтайн Нуруу, Altajn Nuruu; Sineesk: 金山, Ā'ěrtài Shānmài) is in berchtme yn it binnenlân fan it Jeraziatyske kontinint, yn súdlik Sibearje, yn 'e krite dêr't de grinzen fan Ruslân, Kazachstan, Mongoalje en Sina gearkomme. De namme "Altai" betsjut yn 'e Altayske talen, dy't dernei ferneamd binne, letterlik "Gouden Berg(en)" (fan al, "read" of "goud", en tai of tag, "berch").

Utsjoch op 'e berch de Belucha, yn 'e fierte, dat it heechste punt fan 'e Altai is.

It grutste part fan it Altai-berchtme leit yn 'e Russyske Federaasje, en dêrbinnen yn 'e autonome republyk Altai, dy't bewenne wurde troch it folk fan 'e Altai. Utrinders fan it berchtme lizze lykwols binnen de grinzen fan eastlik Kazachstan, westlik Mongoalje en de Sineeske autonome regio Sinkiang-Oeigoerje. It heechste punt fan 'e Altai wurdt foarme troch de berch de Belucha, dêr't de beide toppen op 4.506, resp. 4.440 m hichte fan lizze. De op ien nei heechste berch is de Chüiten, yn Mongoalje, dy't in hichte fan 4.374 m hat. Oan 'e westkant grinzgje dizze bergen oan 'e leechlânske steppes fan Sintraal-Aazje en súdlik Sibearje, en yn it noardeasten geane se úteinlik oer yn it Sajan-berchtme fan sintraal Mongoalje. Yn it súdeasten wurde de Altai stadichoan leger oant se oergeane yn it hege plato fan 'e Gobywoastyn. Yn 'e Altai ûntspringe de Ob, ien fan 'e trije grutte rivieren fan Sibearje, en de Irtysj, ien fan 'e grutste rivieren fan Sintraal-Aazje. In diel fan 'e Altai, mei in oerflak fan 16.178 km², stiet op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.

Sûnt de lêste iistiid hawwe de Altai-bergen in opmerklik stabyl klimaat hân. Yn 'e grotten fan 'e bergen binne de resten fan 'e Denisova-minske ûntdutsen, dy't genetysk ûnderskaat wie fan 'e oare bekende minskesoarten. Dizze hominide datearret fan likernôch 40.000 jier tebek, mar hoewol't de DNA-materiaal ûngewoan goed bewarre bleaun is yn 'e kâlde Altai-grotten, is der noch gjin folslein skelet fûn. Lykwols binne der yn dyseldichste Denisova-grot wol neändertalerbonken en ark dat makke is troch homo sapiens ûntdutsen, wat de Altai ta it iennichste bekende gebiet makket dêr't dy trije minskesoarten allegear op itselde plak libbe hawwe. Teffens binne yn 'e Razbojnitsja-grot de resten fûn fan in hûn-eftich bist dat datearret fan 33.000 jier lyn. DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dit bist tichter by de hjoeddeistige domestisearre hûn stiet as by de (wylde) wolf.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.