It alpineskyen ûnderskiedt him fan it skyen op de Noardske manier trochdat by it alpineskyen de hiele foet fêstklamme is oan 'e sky. By Noardsk skyen is allinne de foarfoet oan 'e sky befêstige en binne de hakken frij. It alpineskyen is tsjintwurdich net mear foarbeholden oan de Alpenlânnen. It wurdt oer de hiele wrâld beoefene, sels yn 'e Noardske lannen. Dat is foaral te tankjen oan 'e ûntwikkeling fan skyliften, dêr't it makliker mei waard om op 'e hegere bergen te kommen om der dan yn "alpine" styl by del te glydzjen.
Dissiplines
Binnen it alpineskyen binne fiif dissiplines te ûnderskieden:
- de slalom: De slalom is de meast technyske dissipline fan it alpineskyen. Dêrby komt it foaral oan op de technyske kwaliteiten fan de skyer om bochten te kombinearjen. De piste foar dy dissipline is likernôch 40 meter breed en de gemiddelde skeantegraad moat tusken 33 en 45% lizze.
- de reuzeslalom: De reuzeslalom by alpineskyen is in parkoers tusken poarten dy't besteane út peallen en flaggen. De blauwe en reade poarten wikselje mekoar ôf om de 15 à 25-30 meter.
- de super G: De super G, is de op ien nei rapste foarm fan alpineskyen, wêrby't de skyer in parkoers sa fluch at kin ôflizze moat. It parkoers foar de Super-G is minder bochtich as dy fan de reuzeslalom, en de ôfstân tusken de poartsjes moat op syn minstens 25 meter wêze.
- de ôfdaling: De ôfdaling is de rapste fan de snelhydsnûmers fan it alpineskyen. Foar dat nûmer hawwe hja in parkoers dêr't inkeld gong en terreinkenmerken de technyske moeilijkheden binne. It fertikale hichteferskil moat by in ôfdaling op syn minst 500 meter bedrage.
- de alpine kombinaasje: De alpine kombinaasje is einliks net in aparte dissipline, mar it bestiet út de dissiplines ôfdaling en slalom.
Skypiste
In skypiste, as piste, is in preparearre en markearde sône yn in skygebiet dêr't hja feilich alpineskye kinne. Der binne ferskate soarten pistes. De swierrichheid fan de piste wurdt oanjûn mei kleuren. De swierrichheid is ôfhinklik fan de breedte en de skeantegraad fan de piste.
Kleur/symboal | Beneaming | Beskriuwing |
---|---|---|
Eastenryk en Dútslân | ||
Wite piste | Yn sommige skygebieten hat dizze piste hielendal gjin kleur. Is gewoanwei de piste wêrop de jongste bêrn de earste skylessen krije en is ek wol in famyljepiste. | |
Blauwe piste | De skypiste hat net meer as in skeantegraad fan 25 % mei útsûndering fan koarte stikken yn iepen terrein. | |
Reade piste | De skypiste hat net meer as in skeantesgraad fan 40 % mei útsûndering fan koarte stikken yn iepen terrein. | |
Swarte piste | De skypiste hat in skeantegraad fan mear as 40 %. | |
Noarwegen en Sweden | ||
Griene piste | De skypiste hat net mear as in skeantegraad fan 16 % | |
Blauwe piste | De skypiste hat net mear as in skeantegraad fan 27 % | |
Reade piste | De skypiste hat net mear as in skeantegraad fan 47 % | |
Swarte piste | De skypiste hat in skeantegraad fan mear as 47 %. | |
Dûbbelt swarte piste | De skypiste giet noch krekt net leadrjocht nei ûnderen ta. | |
Noard-Amearika | ||
Griene sirkel | De Skypiste hat in skeantegraad fan tusken de 6 % en 25 %. | |
Blauwe fjouwerkânt | De skypiste hat in skeantegraad fan tusken de 25 % en 40 %. | |
Swarte diamant | De skypiste hat in skeantegraad fan om en de by de 40 %. | |
Dûbbelt swarte diamant | De skypiste is fergelykber mei de swarte diamant alline is dizze piste ûnoersichtliker. | |
Frankryk, Switserlân en It Feriene Keninkryk | ||
Griene piste | De maklikste skypiste. | |
Blauwe piste | Bytsje dregere skypiste. | |
Reade piste | De gemiddelde skypiste | |
Swarte piste | De dreechste skypiste. |
Piste regels
- 1: Hald rekken mei oaren.
- 2: Behearskje jo snelheid.
- 3: Kies in feilich paad.
- 4: Sjoch út by oerstekken en ynfoegjen
- 5: Helje foarsichtich yn. Dejinge foar jo hat foarrang.
- 6: Stean net samar stil op de piste.
- 7: Klim en rin altyd lâns de kant fan de piste.
- 8: Hald jo aan paadwizers.
- 9: Ferlien help by ûngemakken.
- 10: Legitimaasje is ferplichte.
Utrissing
Sky's
In sky is in lange latte om oer snie as oare oerflaktes te gean. Sky's komme oarspronklik út Skandinaavje. It wurd sky is komt fan it âld-Noarske Skiða, dat 'rjochte planke' betsjut. It type sky dat it bêste by immen past is ofhinklik fan nivo, gewicht, lichemslingte en dissipline.
Moderne sky's besteane út in kearn, it belach as soal (it rinflak, fan de sky) stielkanten en de toplaag. De kearn is fan in keunststof folling of fan in houtmingsel makke of in kombinaasje fan beide. It rinflak fan sky's is it belach, as soal. Dy moat oan in oantal easken foldwaan. It moat elastysk (in sky bûgt by it brûken), slytfêst wêze en goede gliedeigenskippen hawwe. De stielkanten sitte faak fêstlime en fêstparst tusken de soal en de kearn fan de sky. Stielkanten soargje foar de grip fan in sky op hurde snie. De manier fan slypjen fan de stielkanten soarget foar meer of minder grip op de snie. Tot slot makket in toplaag de sky folslein ôf.
Skystokken
De skystokken soargje foar mear balâns by it skyen, jouwe steun as jo driigje te fallen en binne in helpmiddel yn de bochten. Skystokken wurde makke fan ferskate materialen, aluminium is hjoed de dei standert. Dêrnjonken bestean der karbon- en titaniumstokken.
Skyskuon
Skyskuon binne in like wichtich ûnderdiel fan de útrissing as de sky's. De skyskoech is de ferbinning tusken de skyer en de sky's. De skyskuon bringe de energy fan de skyer oer op de sky. By de ferskeidene type's sky's foar de ferskeidene dissiplines hearre aparte type's skuon. Hokker skoech it bêste is hinget fan de sky's en de dissipline ôf.
In skyskoech is opboud út ferskillende parten. De hurde plestik bûtenkânt wurdt ek wol de bûtenskaal neamd. It part fan de skoech dat om it kût sit, wurdt de skacht neamd. Yn de hurde bûtenskaal sit in binnenskoech dy't makke is fan sêft materiaal, ôfwiksele mei hurdere parten om de skonk te beskermjen. De skyskuon wurde sletten mei schnallen, dy't efter in rige ‘toskjes' fêstheakke wurde. Boppe oan de skacht fan de skoech sit in klittebân strap. Dy bân is bedoeld om it kût ekstra stevigens te jaan.
Skyhelm
In skyhelm is ûntwurpen om meardere falpartijen oan te kinnen, Nei in swiere fal is it tûk om in nije helm te keapjen. Ek al is der gjin skea sichtber is oan de helm. In helm moat goed passe, dat ek in bytsje strak sitte, mar wol komfortabel. Ek moat de helm goed fêstmakke wurde sadat er net los komme kin by in fal.
Skybril
In Skybril beskermet de eachen tsjin de wyn en it ljocht.
Skyklean
Skyklean as wintersportklean hat ferskate funksjes. De klean moatte je waarm en drûch halde yn winterske omstannichheden. Tagelyk moat de klean ek genôch bewegingsfrijheid biede om noflik skye te kinnen. Dêrnjonken moatte de klean azemje sadat switfocht troch de stof ôffierd wurde kin wylst de stof wol wetterticht wêze moat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|