Allert Nanne Duintjer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAllert Nanne Duintjer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne8 septimber 1905
berteplakFeandam
stoarn9 novimber 1992
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amtnotaris
aktyf asbestjoerder

Allert Nanne Duintjer (Feandam, 8 septimber 1905Ljouwert, 9 novimber 1992) wie notaris yn Ljouwert fan 1949 oant 1973.[1]

Biografy

Hy waard berne as soan fan Engbert Jurjen Duintjer (1873–1956) en Jetske Franciska Ottema (1881–1959).[2] Syn heit wie direkteur fan in ierdappelsetmeelfabryk yn Veendam en syn broer Marius Duintjer (1908–1983) wie arsjitekt.

Op 30 juny 1936 troude er yn Haren mei Antonia Lucretia Nanninga (1907–1993).[3] Harren soan Herbert Nanne Duintjer (1938–1964) ferstoar op jonge leeftyd, it Herbert Duintjer Fûns is oprjochte as earbetoan.[4]

Duintjer wie ponghâlder fan It Fryske Gea sûnt 1934 en fan it Sint Anthony Gasthûs sûnt 1945. Foarsitter fan de Stichting it Ald Burger Weeshûs yn Ljouwert en sûnt 1955 bestjoerslid fan it bestjoer fan de Ottema-Kingma Stichting. Hy waard beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau yn 1968.[5]

Hy ferstoar op 9 novimber 1992 yn syn wenplak Ljouwert en is op 12 novimber begroeven op de Noarderbegraafplak dêre.[6] Syn frou, dy't in jier letter ferstoar, waard neist him begroeven.[7]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.