Allardseach is in buorskip yn 'e himrik fan Bakkefean, tichtby it trije-provinsjes-punt fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
Yn in tún fan in hûs oan de Allardseachsterwei stiet in grinspeal dy't it krekte punt oanjout dêr't de trije provinsjes oan inoar grinzje. Allardseach is bekend fan de earste folkshegeskoalle fan Nederlân, de Folkshegeskoalle Allardseach, stifte troch Jarich van der Wielen.
Oer de heide fan Allardseach rint in âlde midsiuwske wei. Dy holle wei wie sûnt de midsiuwen in wichtige rûte fan Fryslân nei Grinslân/Drinte. Dêrneist lizze op de heide in tal grêfhichten út it Neolitikum.
Op de grins fan Fryslân en Drinte leit de Lânwar, in let-midsiuwsk ferdigeningswurk. De Lânwar wie it earste natoergebiet dat It Fryske Gea in syn besit krige.
Yn in earder skoalgebou yn Allardseach sit in Nivon Natoerfreonehûs.
- Heide fan Allardseach
- Monumint ta neitins oan de fusilearring fan û.o. Hendrik Nicolaas Werkman
- De Lânwar by Allardseach
- Natoerfreonehûs Allardseach
Keppelings om utens
- Webstee fan Allardseach
- Makette fan de Folkshegeskoalle Allardseach yn Madurodam
- Artikel yn "Noorderbreedte" oer it trije-provinsjes-punt yn Allardeach
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
wizigje |