Allard Pierson (Amsterdam, 8 april 1831 - Lochem, 27 maaie 1896) wie in Nederlânsk predikant, teolooch, skied- en taalkundige.
Biografy
Allard Pierson, soan fan keapman Jan Lodewijk Gregory Pierson en de skriuwster Ida Oyens, wie de earste heechlearaar yn keunstskiednis, estetika en moderne talen en letteren oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy kaam út in begoedige Amsterdamse keapmansfamylje fan oansjen, dy't ta de rûnten fan It Réveil hearde. Hy waard predikant te Leuven, mar joech dit amt oer út reden fan syn moderne teologyske opfettings.
Yn 1870 waard Pierson heechlearaar teology te Heidelberch. Pierson wie fan 1877-1895 heechlearaar keunstskiednis, estetika en moderne talen en letteren te Amsterdam. Hy hearde ta de meast fynfielende geasten út it Nederlânske kulturele libben fan de 19e iuw. Hy lei ek in samling gipsôfjitsels oan fan 1877 oant 1895.
It Allard Pierson Museum fan de Universiteit fan Amsterdam hat syn namme krigen.
Famylje
- Allard Pierson wie boaske oan Pauline Hermine Elizabeth Gildemeester (7 maart 1831 te Amsterdam - 6 septimber 1900 te Skeveningen)
- Allard Pierson en Pauline Gildemeester bewennen Huize Velhorst yn Almen (ûnder Sutfen), dêr't Allard op 27 maaie 1896, mei 65 jier stoarn is. Bern út dit houlik: Jan Lodewijk Pierson Sr. (12 desimber 1854 te Leuven - 6 novimber 1944, Baarn)
- Broer fan Nicolaas Pierson, fan Hendrik Pierson en fan Petronella Adriana Pierson (1832-1923).
Wurk
(Boarne: Digitale Nederlânske Bibleteek - Allard Pierson [1])
- Disquisitio historico-dogmatica de realismo et nominalismo (1854)
- Bespiegeling, gezag en ervaring (1855)
- Een pastory in den vreemde (1858)
- Intimis (1861, 5e printinge 1881)
- De oorsprong der moderne rigting (1862)
- Rigting en leven (1863; 2e printingr 1883)
- Adriaan de Mérival (1866)
- Geschiedenis van het roomsch-katholicisme tot op het concilie van Trente (1868-1872)
- Willem de Clercq naar zijn dagboek (1870-1873)
- Eene levensbeschouwing (1878)
- Studiën over Johannes Kalvijn (1881)
- Gedichten (1882)
- Wijsgeerig onderzoek. Kritische prolegomena van esthetiek (1882)
- Nieuwe studiën over Johannes Kalvijn (1883)
- Geestelijke voorouders. Deel 1: Israël (1887)
- Geestelijke voorouders (4 delen) (1887-1907)
- Oudere tijdgenooten (1888)
- Jongere tijdgenoten (1889-1890)
- Geestelijke voorouders. Deel 2: Hellas (1891-1893)
- Hellas (1891-1893)
- Het hellenisme (2 dielen) (1893)
- Geestelijke voorouders. Deel 4: Byzantium (1902)
- Geestelijke voorouders. Deel 3: Het Hellenisme (1907)
- Het hellenisme. Diel 1: Athene Alexandrië Antiochië (1907)
- Het hellenisme. Diel 2: Pergamum Rome (1907)
Literatuer
- P.L. Schram, Pierson, Allard, yn Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme (1983) [2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |