Algiers
Algiers 2010
Algiers 2010
Polityk
LânAlgerije
BoargemasterMohamed Kebir Addou
Sifers
Ynwennertal± 2.000.000 (2008)
Oerflak273 km²
Befolkingsticht.7.908,6 km² ,small>(stêd)
Stêdekloft3.500.000 (2007)
Hichte1 m
Oar
Stifting944 (fannijs)
TiidsôneCET ([UTC]+1)
Basilyk Us Leaffrou fan Afrika

Algiers (Arabysk: الجزائر, Al-Jazā'ir) is de haadstêd fan Algerije yn it noarden fan Afrika. It leit oan de noardkust fan it lân, en hat in ynwennertal fan likernôch 1.500.000 miljoen. Yn de gânse stêdekloft wenje likernôch 3.500.000 minsken.

De stêd hat in seehaven en in wichtige tekstyl- en learyndustry. It is dêrneist benammen in universiteitsstêd. Algiers bestiet út twa dielen: in modern diel, op in flakte oan de seekust boud en de âlde stêd dy't tsjin de steile hichten leit mei ûnder oare de kasba of sitadel. Dy kasba stiet sûnt 1992 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Skiednis

Algiers wie eartiids in seerôvernêst dêr't ek in soad Fryske seelju as galeislaaf lije moasten. Faak waard yn de tsjerke fan de Republyk kollektearre om slaven frijkeapje te kinnen. In Harnzer fregat die yn 1779 mei oan de tuchtiging fan Algiers.

Iepenbier tagonklike gebouwen fan belang

  • de kasbah
  • de regearingsgebouwen (foarhinne it Britske konsulaat)
  • de paleizen fan de gûverneur-generaal en de aartsbiskop, dy't allegear Moarske gebouwen binne
  • de Grutte en de Nije moskee
  • de Basilyk fan Algiers (in katolike katedraal)
  • de eardere katedraal fan H. Filippus (boud om 1893, no in moskee)
  • de tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid (Tsjerke fan Ingelân)
  • de Nasjonale Bibleteek fan Algiers (Bibliothèque Nationale d'Alger), in Turksk paleis dat yn 1799 en 1800 boud waard

Demografy

Algiers hat in befolking fan sa'n 2,072,993 (2007).[1]

De etnyske ferdieling is: 59% mei in Arabysktalige eftergrûn, 38% fan Berber-talige komôf en 3% út it bûtenlân, meast út Sina, Fietnam, en Maly.

  • 1950 - 300,000 ynwenners.
  • 1960 - 900,000 ynwenners.
Jier Populaasje
1977 (Sensus)1,353,826
1987 (Sensus)1,507,241
1998 (Sensus)1,519,570
2007 (Rûzing)2,072,993

Ferskaat

  • Yn 2007 wurdt foar de twadde kear yn Algiers de Africa games hâlden. De earste kear wie yn 1978.

Berne yn Algiers

  • Marcel Molines (22 desimber 1928), Algerijnsk hurdfytser
  • Djamel Zidane (28 april 1955), fuotballer
  • Nouria Mérah-Benida (19 oktober 1970), Algerijnsk atlete, wûn goud op de Olympyske Spullen
  • Rafik Saïfi (7 febrewaris 1975), Algerijnsk fuotballer
  • Djabir Saïd-Guerni (29 maart 1977), middellangeôfstânsrinner
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algiers in the World Gazetteer
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.