It Alexanderplatz (Alexanderplein) is in plein yn de Dútske haadstêd Berlyn yn de wyk Mitte. It plein is in ferkearsmulpunt fan sa'n 300.000 minsken deistich. It plein is neamd nei tsaar Aleksander I. It fontyn op it plein is in ferneamde moetingsplak. Deunby it plein stiet de Fernsehturm (reekommen yn 1969). Yn de DDR-tiid wie it plein in keunstmjittich sintrum fan East-Berlyn. Der waarden allegear wichtige oerheidsgebouwen en oare blokgebouwen delset, wêrûnder de Interhotel Stadt Berlin.
Nei de weriening fan Dútslân waarden der nije plannen ûntjûn foar in gânse ferbouwing fan it plein. De besteande gebouwen soene sloopt wurde en ferfongen wurde troch nijbou. Offallende ekonomyske groei hawwe foarearst der foar soarge dat it grutste part fan de plannen noch net útfierd binne. It warehûs Kaufhof hat lykwols in ferbouwing ûndergien, wêrby de foargevel nei foaren rjochting it plein ferhûze is. Ta súdeasten fan it plein is winkelsintrum Alexa wierwurden. Yn 'e noardeastlike hoeke fan it plein is yn 2007 úteinset mei de bou fan in nij winkel- en kantoarekompleks. Dit moat it plein mear in sletten oansicht jaan.
Keppeling om utens
- (dú) Alexanderplatz
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alexanderplatz fan Wikimedia Commons. |