Aleoetysk | ||
algemien | ||
eigen namme | Unangam Tunuu | |
lânseigen yn | Feriene Steaten Ruslân | |
tal sprekkers | 155 (2007) | |
skrift | Latynsk alfabet Syrillysk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Eskimo-Aleoetysk ● Aleoetysk | |
dialekten | Atkaansk, Attûaansk †, Eastaleoetysk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Alaska | |
erkenning as minderheidstaal | Ruslân | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | ale | |
ISO 639-3 | ale |
It Aleoetysk (Ingelsk: Aleut; Aleoetysk: Unangam Tunuu, Syrillysk skrift: Унáҥам Туну́) is de lânseigen taal fan 'e Aleoeten, in folk dat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska libbet, en teffens op 'e Kommandeurseilannen, dy't diel útmeitsje fan it Fiere Easten fan Ruslân. It Aleoetysk heart ta de Eskimo-Aleoetyske talen, en is besibbe oan 'e Eskimo-talen. Der binne tsjintwurdich net folle sprekkers fan 'e taal mear oer. As skrift wurdt sawol it Latynske alfabet as it Syrillyske alfabet brûkt. Yn 'e Russyske Federaasje genietet it Aleoetysk erkenning as minderheidstaal en yn Alaska hat it in offisjele status.
Taalbesibskip
It Aleoetysk heart ta de Eskimo-Aleoetyske taalfamylje. It Sintrum foar Lânseigen Talen fan Alaska (ANLC) is fan betinken dat it Proto-Eskimo-Aleoetysk, de mienskiplike oertaal dêr't alle Eskimo-Aleoetyske talen op weromgeane, teminsten 4.000 jier lyn, en miskien noch wol langer lyn, al útinoar fallen wêze moat yn it ierste statium fan it Aleoetysk en it Proto-Eskimo, de oertaal fan alle Eskimo-talen. It naust is it Aleoetysk besibbe oan 'e Jûpik-talen dy't troch de Jûpik-Eskimo's yn súdwestlik en súdlik Alaska en op it Tsjûkotka-skiereilân yn eastlik Sibearje sprutsen wurde.
Taalgebiet
It taalgebiet fan it Aleoetysk beslacht fan âlds yn it foarste plak de Aleoeten, in eilannekeatling dy't oan 'e súdkant fan 'e Beringsee fan Alaska yn 'e Noard-Amearika nei Kamtsjatka yn Aazje rikt. Dêrnjonken hearden ek de Shumagineilannen (yn 'e Stille Oseaan foar de súdwestkust fan Alaska) en it westlike part fan it Alaska-skiereilân altyd al ta it Aleoetyske taalgebiet. Yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw waarden in protte Aleoetyske famyljes troch it doetiidske Russyske bestjoer fan Alaska oan har heitelân ûntskuord en twongen om 'e Pribilofeilannen (yn it Alaskaanske part fan 'e Beringsee) en de Kommandeurseilannen (yn Ruslân) te kolonisearjen. Dêr meitsje se hjoed de dei noch altyd it meastepart fan 'e befolking út.
Skiednis
De earste Westerling dy't yn kontakt kaam mei it Aleoetysk wie de Deensk ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering, dy't fan syn reis nei de krite fan 'e nei him ferneamde Beringsee yn 1741 ferskate Aleoetyske plaknammen mei werombrocht. De earste wurdlist fan it Aleoetysk waard yn 1778 gearstald troch James King, in lid fan 'e ekspedysje fan 'e ferneamde Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Under it regear fan keizerinne Katarina de Grutte waarden troch Peter Simon Pallas, Carl Heinrick Merck, Michael Rohbeck en Joerij Fjodorovitsj Lisjansky noch ferskate oare wurdlisten gearstald, mar pas yn 1819 fierde de Deenske taalkundige Rasmus Rask in earste yngeande stúdzje fan it Aleoetysk út.
Yn 1824 kaam de Russysk-otterdokse misjonaris Ioann Venjaminov op 'e Aleoeten oan, deselde dy't letter bekend wurde soe as de hillige Innosintius fan Alaska. Hy stalde in Syrillyske stavering foar it Aleoetysk gear, sette it Evangeelje fan Mattéus en ferskate oare religieuze wurken yn 'e taal oer, en publisearre yn 1846 de earste grammatika fan it Aleoetysk. By syn wurk waard Venjaminov bystien troch twa lânseigen Aleoeten, Ivan Pan'kov, it opperhaad fan Tigalda, en Jakov Netsvetov, in preester fan Atka (dy't letter ek hillich ferklearre wurde soe). Netsvetov skreau sels ek it earste Aleoetyske wurdboek.
Yn dyselde snuorje wie ek de preester Innosintius Sjajasjnikov aktyf, dy't de Russysk-otterdokse kategismus, alle fjouwer kanonike evangeeljes en de Hannelingen fan de Apostels oersette yn it dialekt fan 'e eastlik Fokse-eilannen, en dêr teffens in eigen wurk yn skreau, mei as titel Koarte Rjochtline foar in From Libben. In oare preester, Lavrentij Salamatov, sette in kategismus, trije fan 'e fjouwer evangeeljes (fan Markus, Lukas en Jehannes) oer yn it dialekt fan westlik Atka. Sûnt 2005 binne al dy iere religieuze oersettings yn it Aleoetysk yn oanpaste en by de tiid brochte foarm werútjûn.
Yn 1871 skreau de Frânsman Alphonse Pinart in Frânsk-Aleoetyske grammatika, en yn 1879 die syn lânsman Victor Henry itselde. Nije wurdlisten fan ôfhandige dialekten waarden oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn (it doe ûnderwilens troch de Feriene Steaten oankochte Alaska) gearstald troch de Amerikaan Lucien M. Turner, en op 'e Kommandeurseilannen yn Ruslân troch de Poal Benedykt Dybowski en de Russyske dokter Nikolaj Vasiljevitsj Sljûnin. Yn 1909 en 1910 ferbleau de etnolooch Waldemar Jochelson oardel jier op 'e eilannen Unalaska, Atka, Attu en Nikolski, dêr't er in grut tal Aleoetyske folksferhalen, myten en leginden optekene en yn in protte gefallen ek fêstlei op grammofoanplaten.
Yn 'e 1930-er jierren waarden twa wurken skreaun dy't beskôge wurde as de trochbraak oangeande it brûken fan it Aleoetysk as skriuwtaal. Afinogen K. Ermeloff skreau in literêr ferhaal oer in skipbrek yn syn memmetaal, wylst Ardelion G. Ermeloff tsien jier lang in deiboek yn it Aleoetysk byhold. Omtrint dyselde tiid tekene de taalkundige Melville Jacobs ferskate nije folksferhalen op út 'e mûle fan in Sergey Golley, in Aleoet fan Atka dy't doedestiden foar langere tiid yn it sikehûs lei. Yn 1941 die John P. Harrington yngeander ûndersyk nei it dialekt fan 'e Pribilofeilannen. Under de Twadde Wrâldoarloch, doe't de Aleoeten en súdwestlik Alaska oan it front tsjin 'e Japanners leine, joech it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken it boekje The Aleut Language út (basearre op it wurk fan Venjaminov), dat Amerikaanske soldaten dy't yn dy gebieten legere wiene, by steat stelle moast om mei de pleatslike befolking te kommunisearjen.
Nei ôfrin fan 'e oarloch sette de taalkundige Knut Bergsland yn 1950 mei in tige yngeande stúdzje fan it Aleoetysk útein, dy't úteinlik late ta de publikaasje fan in alomfetsjend Aleoetysk wurdboek yn 1994 en in folsleine beskriuwende grammatika yn 1997. Bergsland syn wurk waard op krúsjale wize ûnderstipe troch lânseigen Aleoetyske wittenskippers en oare korrespondinten, wêrûnder de Atkaanske taalkundige Moses Dirks. Oare foaroansteande linguïsten dy't har yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw yngeand op 'e stúdzje fan it Aleoetysk talein hawwe, binne û.m. Alice Taff, dy't de meast detaillearre beskriuwing fan 'e fonetyk en fonology fan 'e taal skreau, en Anna Berge, dy't har benammen talei op dialoochstruktuer en morfosyntaks.
Taalstatus
It Aleoetysk genietet yn 'e Russyske Federaasje erkenning as in minderheidstaal ûnder de Wet op de Talen fan Folken fan de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk (út 'e tiid fan 'e Sovjet-Uny), dy't yn 1998 oanpast en by de tiid brocht waard. Yn 'e Feriene Steaten hawwe de lânseigen talen fan Alaska nea net folle omtinken krigen fan it regear yn it fiere Washington, D.C. Yn april 2014 karde it Steatskongres fan Alaska lykwols mei oerweldigjende mearderheid in wetsfoarstel goed dat alle tweintich lânseigen talen fan 'e steat, wêrûnder it Aleoetysk, in offisjele status jaan soe. Op 23 oktober 2014 ûndertekene gûverneur Sean Parnell de nije wet, sadat dy fan krêft waard. De lânseigen talen hawwe in legere offisjele status as it Ingelsk, en de oerheidsynstânsjes fan Alaska hoege har dan ek net fan 'e minderheidstalen te betsjinjen. De offisjele status is sadwaande fierhinne symboalysk.
Tal sprekkers
Neffens it artikel Native Languages of Alaska, fan taalkundige Michael E. Krauss, dat yn 2007 ferskynde yn it boek The Vanishing Voices of the Pacific Rim, wiene der doe yn Alaska noch mar 150 minsken dy't it Aleoetysk as memmetaal sprieken. De measten dêrfan wennen op 'e Pribilofeilannen. Datselde jiers wiene der op 'e Russyske Kommandeurseilannen noch mar 5 Aleoetysksprekkers, wat it totale oantal op 155 brocht. Op in totale etnyske groep fan 12.500 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 1,24%. Sûnt likernôch 2000 is der yn 'e wengebieten fan 'e Aleoeten yn súdwestlik Alaska in beweging geande dy't besiket de eigen taal nij libben yn te blazen, en dêrby stipe wurdt troch universiteiten en pleatslike mienskippen. Ien fan 'e aktyfste organisaasjes op dit mêd is de Aleutian/Pribilof Islands Asscociation Task Force for Language Revitalization.
Skrift
Foar it skriuwen fan it Aleoetysk wurdt sawol it Latynske alfabet brûkt as it Syrillyske alfabet. It Syrillyske skrift waard ûnder de Aleoeten yntrodusearre troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke en wurdt ek hjoed de dei yn Alaska noch in protte brûkt om Aleoetysk mei te skriuwen.
Dialekten
It Aleoetysk falt útinoar yn trije grutte dialektgroepen: it Atkaansk, it Attûaansk en it Eastaleoetysk. It Atkaansk omfiemet de dialekten fan 'e eilannen Atka (Alaska) en Bering (Ruslân). It útstoarne Attûaansk, fan it eilân Attu, wie in oergongsdialekt tusken it Atkaansk en it Eastaleoetysk, dat ynfloed fan dy beide oare dialekten sjen liet. It Eastaleoetysk omfiemet de dialekten fan 'e eilannen Unalaska, Akutan, Kashega, Nikolski, de Shumagineilannen en de westpunt fan it Alaska-skiereilân, en troch migraasje yn 'e iere njoggentjinde iuw ek fan 'e Pribilofeilannen.
Alle dialekten fan it Aleoetysk hawwe in sterke ynfloed fan it Russysk ûndergien. It Medny-Aleoetysk, dat op 'e Kommandeurseilannen njonken it Aleoetysk sprutsen wurdt, is gjin Aleoetysk dialekt, mar in Russysk-Aleoetyske mingtaal. Dy taalfoarm waard foarhinne sprutsen op it eilân Medny (ek wol it Kopereilân neamd), mar alle bewenners waarden dêr yn 1969 wei evakuëarre nei Bering. Sadwaande wurdt it Medny-Aleoetysk no inkeld noch op dat lêste eilân sprutsen.
Fonology
Yn it Latynske skrift wurdt it Aleoetysk skreaun mei in alfabet fan 25 letters, wêrby't de e, j en p net foarkomme.
- Latynske alfabet fan it Aleoetysk
A a | B b | Ch ch | D d | F f | G g | Ĝ ĝ | X x |
X̂ x̂ | H h | I i | K k | L l | M m | N n | O o |
Q q | R r | S s | T t | U u | V v | W w | Y y |
Z z |
- Syrillyske alfabet fan it Aleoetysk
А а | Б б | В в | Г г | Г̑ г̑ | Д д | З з | И и |
Й й | К к | Ҟ ҟ | Л л | М м | Н н | Ҥ ҥ | О о |
Р р | С с | Т т | У у | Ў ў | Ф ф | Х х | Х̑ х̑ |
Ч ч | Ъ ъ | Ь ь | Ю ю | Я я | Ѳ ѳ | Ѵ ѵ |
Fokalen
Fan 'e fokalen binne de a, i en u lânseigen, wylst de o inkeld yn lienwurden foarkomt. A, i en u wurde útsprutsen as [a] (lykas yn 'kap'), [i] (lykas yn 'wyt') en [u] (lykas yn 'rûch'). Alletrije komme ek foar as lange fokaal en wurde dan skreaun as aa, ii en uu ([a:], [i:] en [u:], lykas yn 'laad', 'wiid' en 'sûch'). Yn beskate posysjes feroarje dizze trije fokalen fan klank en sa komme as allofoan ek foar de lûden [ɑ] (lykas yn 'bak'), [ɛ] (lykas yn 'bek'), [e] (lykas yn 'beek'), [o] (lykas yn 'bok'), [y] (lykas yn 'búk') en [ʉ] (útsprutsen as de û yn 'rûch', mar mear nei foarren yn 'e mûle).
Konsonanten
Op it mêd fan 'e konsonanten hawwe b en f in normale útspraak, mar komme inkeld yn lienwurden foar. Itselde jildt foar de r, dy't meast op 'e Ingelske manier útsprutsen wurdt ([ɹ]). De v (ek mei gewoane útspraak) kaam fan oarsprong inkeld foar yn it Attûaanske dialekt, mar wurdt no ek yn 'e oare dialekten brûkt yn lienwurden. Itselde jildt foar de z, dy't oarspronklik allinne mar foarkaam yn it Atkaanske dialekt. In 'normale' útspraak hawwe fierders ek de lânseigen bylûden h, k, l, m, n, s en t.
De ch wurdt útsprutsen as [ʧ] (tsj, lykas yn 'tsjerke'); de g as [ɣ] (lykas yn 'drage'); de x as [x] (ch, lykas yn 'berch'), de w as [w] (lykas yn 'skowe'); en de y as [j] (lykas yn 'jas'). De d stiet foar [ð], de Ingelske stimhawwende th (lykas yn this). De ĝ is de [ʁ], in yn 'e kiel útsprutsen (uvulêre) foarm fan 'e g fan 'drage' (liket op 'e breikjende r); de x̂ is de [χ], in yn 'e kiel útsprutsen foarm fan 'e ch fan 'berch'; en de q is de [q], in yn 'e kiel útsprutsen k.
Dêrnjonken beskikt it Aleoetysk noch oer ferskate klanken dy't mei letterkombinaasjes skreaun wurde, lykas hd, dat útsprutsen wurdt as [θ], de Ingelske stimleaze th (fan thin), in klank dy't inkeld yn it Eastaleoetysk foarkomt. In oar foarbyld is de bekende ng, útsprutsen as [ŋ], lykas yn 'ding'. De kombinaasje hl stiet foar de stimleaze alveolêre laterale frikatyf, oftewol de Welske ll, dy't útsprutsen wurdt troch tagelyk ch en l te sizzen. En de kombinaasje hw jout de stimleaze labio-felêre approksimant oan, útsprutsen as [ʍ], troch de ch fan 'berch' te kombinearjen mei de w fan 'skowe'.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side. |