Aleid fan Gelre (±1177 - 12 febrewaris 1218) wie de dochter fan greve Otto I fan Gelre en Richardis fan Beieren. Sy troude yn 1197 yn Starum mei Willem I fan Hollân. Ut it houlik waarden fiif bern berne:
- Ricardis,
- Ada, dy't om 1239 hinne abdis fan de abdij fan Rynsburch waard,
- Floaris, dy't Willem I as Floris IV yn 1222 opfolge,
- Otto, dy't as Otto III yn 1234 biskop fan Utert waard,
- Willem.
By har ferstjerren die har man Willem I mei oan de fyfde krústocht.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.