It Aldyslânsk is de histoaryske foarm fan it Yslânsk sa't dat tusken likernôch 1150 en 1350 sprutsen waard. It is de taal fan 'e Yslânske sêgen (oerleverings op histoaryske basis, almeast sûnder ûnderling ferbân), fan Snorri Sturluson syn Edda (in unike samling goade- en heldedichten) en fan 'e skaldepoëzij, dy't oan strange, formalistyske easken foldwaan moast. Ek guon histoaryske teksten binne yn it Aldyslânsk skreaun en oerlevere, lykas it Landnámabók Íslands ("Kolonisaasjeboek fan Yslân") en it Íslendingabók ("Boek fan 'e Yslanners") fan Ári Þorgilsson.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.