Aldtsjerkeslavysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Aldslavysk, Aldbulgaarsk, Aldmasedoanysk | |
taalgebiet | Balkan, East-Jeropa | |
skrift | Glagolitysk, Syrillysk | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Balto-Slavysk ● Slavysk ● Súdslavysk ● Aldtsjerkeslavysk | |
dialekten | sjoch tekst | |
skaaimerken | ||
tiidrek | 9e-11e iuw | |
ûntstien út | Oerslavysk | |
ûntjûn ta | ● Tsjerkeslavysk ● Midbulgaarsk | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | cu | |
ISO 639-2 | chu | |
ISO 639-3 | chu |
It Aldtsjerkeslavysk (Glagolitysk: ⰔⰎⰑⰂⰡⰐⰠⰔⰍⰟ ⰧⰈⰟⰊⰍⰟ; Syrillysk: словѣньскъ ѭзыкъ; Latynsk: Slověnĭskŭ językŭ), ek bekend ûnder de nammen Aldslavysk, Aldbulgaars en Aldmasedoanysk, is de âldste Slavyske skriuwtaal. It datearret fan 'e midden fan 'e 9e iuw en waard op skrift steld troch de bruorren Syrillus en Metoadius op basis fan Súdslavyske dialekten dy't sprutsen waarden yn it gebiet om Tessaloniki yn it Byzantynske Ryk. Foar de taal ûntwurpen sy in nij skrift, it Glagolityske alfabet, en yn ferbân mei harren missy nei it Grutmoravyske Ryk yn 863 makken sy in oersetting fan de Bibel. Letter makken studinten fan Syrillus en Metoadius oan de ein fan de 9e iuw yn it Earste Bulgaarske Ryk it Sirillyske alfabet, dat fierhinne fan 't Grykske alfabet ôflaat wie en stadichoan de plak fan 't Glagolitysk ynnaam.
Aldtsjerkeslavyske teksten binne oerlevere yn de foarm fan kopyen út de 10e en 11e iuw; it bekendste manuskript is de Codex Zographensis. Foar de histoaryske taalwittenskap is it Aldtsjerkeslavysk besûnder wichtig, om't it tige nau besibbe is oan it Oerslavysk, de mienskiplike oertaal fan de Slaven.
Tsjerkeslavysk
It Aldtsjerkeslavysk hat him fierder ûntwikkele ta in tsjerketaal, it Tsjerkeslavysk. Dizze taal bestiet yn fiif ûnderskate ferzjes ("redaksjes"), dy't ûnder ynvloed fan pleatslike folkstalen ûntstien binne:
● Bulgaarsk-Tsjerkeslavysk
● Servysk-Tsjerkeslavysk
● Russysk-Tsjerkeslavysk
● Kroätysk-Tsjerkeslavysk
● Tsjechysk-Tsjerkeslavysk
Hoewol't it Tsjerkeslavysk hjoed de dei tige argaysk oandocht, wurde it troch ferskate eastersk-otterdokse en eastersk-katolike tsjerken noch hieltyd brûkt yn harren liturgy. Bûten de liturgy is it Tsjerkeslavysk lykwols net goed brûkber. In modernisearre en ferienfâldige foarm fan 't Tsjerkeslavysk, ornearre foar aldendeiske kommunikaasje, is de keunsttaal Ynterslavysk.
Grammatika
It Aldtsjerkeslavysk en it Tsjerkeslavysk hawwe in uterst komplisearre grammatika mei in mânsk systeem fan haadwurds- en tiidwurdsbûging mei û.o. trije wurdgeslachten (manlik, froulik, ûnsidich), ûnderskied tusken iental, twatal en meartal, sân namfallen (nominatyf, genityf, akkusatyf, datyf, ynstrumintalis, lokatyf, fokatyf), aspektûnderskied tusken ymperfektive en perfektive tiidwurden, notiid, fjouwer ferskillende doetiden en twa dantiden, wat resultearret yn in tige grut tal útgongen.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Aldtsjerkeslavyske ferzje. |