Aldtsjerk
De Klinze
De Klinze
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal665 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,08 km², wêrfan:
lân: 6,90 km²
wetter: 0,18 km²
Befolkingsticht.92 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 15' N 5° 53' E
Doarpsgebiet fan Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet fan Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
Aldtsjerk op de side 'Trynwâlden'
Kaart
Aldtsjerk (Fryslân)
Aldtsjerk

Aldtsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 635 ynwenners (2022) en is it noardlikste en âldste doarp fan de Trynwâlden. Aldtsjerk grinzget oan de noardkant fan Oentsjerk.

It doarp leit oan de grutte dyk fan Ljouwert nei Dokkum. Der binne gjin winkels. Súdwest fan it doarp leit de Aldtsjerkster Mar. Yn Aldstjerk stiet ek de Klinze, in âlde state dêr't de famylje Fan Sminia wenne hat.

Eastlik fan de kearn leit rjochting Readtsjerk de buorskip Sânhuzen.

Aldtsjerk hat 665 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

It doarp waard yn 1421 'Aldakerka' neamd, yn 1486-1487 as 'auldatzercka' en yn 1579 as 'Altzierck'. De namme ferwiist nei in âlde tsjerke dy't der stie, Alda is Aldfrysk foar âlde.

De Paulustsjerke

Paulustsjerke
De Wikipedy hat ek in side Paulustsjerke (Aldtsjerk).

De Paulustsjerke is út de 12e iuw en foar in diel fan dowestien boud. Der is troch de jierren in hiel soad oan ferboud. Yn 1750 waard de tsjerke fergrutte, en de yngong gie fan de súdkant nei de noardkant. By de tsjerke is in grêfhichte, dêr't jonkhear Arend Johannes Van Sminia (1806-1857) en syn frou Clara Coehoorn fan Scheltinga (1806-1875) lizze.

De Klinze

De Wikipedy hat ek in side De Klinze.

Om 1680 hinne liet Hessel fan Aysma dizze Aysmastate sette. Der wiene yn dy tiid in soad aadlike lju dy't bûtenút wenje woenen. Yn 1722 waard der in oprydleane by makke. Tusken 1990 en 1995 is de state hielendal opknapt. Der leit in park omhinne mei bochtige paadsjes en brechjes (Ingelske lânskipsstyl). It is ûntwurpen troch arsjitekt Roodbaard yn 1834. De Klinze is no in hotel en konferinsjesintrum.

Iisherberch

It doarpskafee 'De Moarkswâl' wie in ferneamde iisherberch by de klapbrêge. De nammen fan de earste reedriders dy't út Ljouwert wei, oer De Moark en de Bonke, by it kafee oankamen waarden op de balken skreaun. Yn 1982 is it kafee lykwols ôfbrând. Yn it nije kafee is ek in nije balke oanbrocht.

Mienskip

Van Sminiawei

Al jierren organisearret de doarpsferiening mei it Feintebûn de doarpsfeesten. Fan it Feintebûn kinne allinnich frijfeinten oant 30-jier lid wêze. De jierlikse optocht rydt op it doarpsfeest troch hiel Trynwâlden. De Stifting Alde Kultuer Aldtsjerk wol de skiednis libben hâlde troch lêzingen, eksposysjes en klank- en diabylden. Foar sport is Aldtsjerk op Oentsjerk oanwiisd. Winkels hat it doarp net mear en de boadskippen kinne út Oentsjerk of Gytsjerk helle wurde.

Tsjerke

Pastorij

Skoalle

Ferienings

Iisklubgebou

Berne

Befolkingsferrin

Jier1954195919641969197320042020
Ynwenners635606602564595610630

Aldtsjerkermûne

Aldtsjerkermûne
De Wikipedy hat ek in side Aldtsjerkermûne.

De Aldtsjerkermûne is in poldermole tichtby it doarp Aldtsjerk.

Strjitten

Aldemiedwei, Boerfinne, Eysingapaad, Freuleleane, Jonkerspaad, Klaas Douweswei, Marwei, Miedemawei, Rhaladyk, Sânhuzen, Van Sminiawei, Wierewei.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.