De Aldswemmer (ek wol Alde Swemmer) is in streamke yn de gemeente Kollumerlân. De Aldswemmer rint fan de Nije Swemmer by Westergeast nei it noarden en besuden polder de Anjen foarby it Mâlegreefsgat troch in hiel lyts hoekje Dantumadiel en Dongeradiel nei it Dokkumer Djip.
Ear't de Nije Swemmer groeven waard, wie de Aldswemmer de Swemmer, in rivierke dat útkaam yn it Dokkumer Djip by de Aldwâldmersyl. Der wie earst in syl op it plak dêr't it Mâlegreefsgat no leit, op Sint Pitersdei yn 1651 is by de syl de dyk trochbrutsen. It gat dat dêrtroch ûntstie wie te djip, dat it nije Aldwâldmersyl is in pear hûndert meter fierder makke.
De Aldswemmer is gjin part fan de Fryske Boezem, mar is in polderwetter. It wetter rint fan it Dokkumer Djip rjochting de Nije Swemmer, krekt oarsom as eartiids. By de Nije Swemmer stiet in gemaaltsje dat it wetter yn de Boezem pompt.
De namme Aldswemmer jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Zwemmer.
- Aldswemmer benoarden Westergeast
- De Aldswemmer by Aldwâldmersyl