Aldnederfrankysk
algemien
taalgebietRyn-, Maas- en Skeldedelta
skriftrunen, Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Súdwestgermaansk
        Nederfr.-Nedersaks.
          Nederfrankysk
            Aldnederfrankysk
dialektenAldeastnederfrankysk,
Aldwestnederfrankysk
skaaimerken
tiidrek7e-11e iuw
ûntstien útAldfrankysk
ûntjûn taAldlimboarchsk
Aldnederlânsk
taalkoades
ISO 639-3odt

It Aldnederfrankysk wie de Westgermaanske taal dy't fan 'e sânde oant de alfde iuw sprutsen waard yn 'e Ryn-, Maas- en Skeldedelta fan it hjoeddeistige súdlik Nederlân, noardwestlik Belgje, westlik Dútslân en noardlik Frankryk. It Aldnederfrankysk ûntjoech him yn 'e sânde iuw út it Aldfrankysk, de taal fan 'e Franken, en bestie út twa haaddialekten: it Aldeastnederfrankysk en it Aldwestnederfrankysk. Ut it Aldnederfrankysk ûntjoegen har neitiid de Nederfrankyske talen.

It Aldnederfrankyske taalgebiet (giel) neffens de filolooch Peter-Alexander Kerkhof, 2020 (sa likernôch; feitlik wiene der gjin skerpe grinzen tusken Germaanske dialektgroepen).

Aldnederfrankysk en Aldnederlânsk

Foarhinne waard it Aldnederfrankysk as min ofte mear synonym mei it Aldnederlânsk sjoen, al wie Aldnederfrankysk in wat bredere term, mei't dêr ek alle net oerlevere sprektaaldialekten ûnder beflapt waarden. Netssjinsteande dat waard der earder troch in protte Nederlânske taalkundigen wol foar pleite om inkeld noch fan Aldnederlânsk te sprekken en de term Aldnederfrankysk hielendal ôf te skaffen. Sûnt de erkenning fan it Limboarchsk as in aparte taal, yn 1997, hat de saak lykwols in hiel oar oansjen krigen. It Aldnederlânsk wurdt no sjoen as fuortkommend út it Aldwestnederfrankysk, wylst it Limboarchsk weromgiet op it Aldeastnederfrankysk. Mei de term "Aldnederfrankysk" wurdt no ferwiisd nei de âldere foarmen fan sawol it Nederlânsk as it Limboarchsk.

Oerlevering

It âldste dokumint mei inkele Aldnederfrankyske wurden is de Lex Salica of Salyske Wet. Yn 1996 is lykwols yn 'e grûn fan in ikker te Bergakker, yn 'e Betuwe, in swurdskie fûn mei dêrop yn runetekens in noch âldere Aldnederfrankyske tekst: de saneamde Runeynskripsje fan Bergakker. It dêrop oerlevere boadskip is lykwols beheind en kin net iens mei wissichheid lêzen en/of oerset wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Loey, A. van, Schönfelds Historische Grammatica van het Nederlands, Brussel, 1970.
  • Sanders, Willy, Oudnederlands: Drie Hoofdstukjes uit de Vroegste Nederlandse Taal- en Letterkunde, yn: Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde, nr. 88, 1972, s. 161-177.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.