Aldeskâns | ||
Lokaasje Aldeskâns | ||
Polityk | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 150 (1 jannewaris 2019 | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 8' NB, 7° 8' EL |
Aldeskâns (Nederlânsk en offisjeel: Oudeschans, Grinslânsk: Olscha(a)nze), eartiids Bellingwolderskâns (Bellingwolderschans), is in doarp en in eardere fêsting yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp leit yn it oergongsgebiet fan de regio's Westerwâlde en it Aldamt. Aldeskâns is in beskerme doarpsgesicht.
De Alde- of Bellingwolderskâns moat net betiisd wurde mei de folle lytsere skâns van Bellingwolderzijl by Finsterwolde.
Skiednis
Bewenning op it plak fan Aldeskâns begûn doe't der yn it midden fan de sechtjinde iuw in syl yn de Westerwâldske Aa oanlein waard. Yn 1593 liet de Fryske steedhâlder, greve Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg, om de syl hinne in fêsting oanlizze. Dy fêsting, dy't doe noch oan de Doalert lei, waard de Bellingwolderskâns neamd. Doe't it opslike lân fan de Doalert ynpoldere waard, ûntstie der in stik lân dat ûnferdigene wie. Yn 1628 waard de Nijeskâns oanlein, en doe waard de namme Aldeskâns hieltyd mear brûkt foar de Bellingwolderskâns.
Yn 1656 waarden De Spitlanden yndike, dêrtroch't de skâns net tichteby de Doalert mear lei. Boppedat waard de rin fan de Westerwâldske Aa ferlinge en dy rûn dêrnei net mear troch de fêsting en it doarp, dat der omhinne ûntstien wie, mar troch de grêften deromhinne.
Yn de achttjinde iuw rekke de skâns fertutearze en yn 1814 waard de skâns by Keninklik Beslút opheft. By de ruilferkavelings nei de Twadde Wrâldkriich waard de Westerwâldske Aa rjochtlutsen en 700 meter nei it westen ferlein, dêrtroch't de grêften net mear ferbûn wiene mei dy wetterrin.
Oan de ein fan de tweintichste iuw waard de fêsting oplape en waard it karakter fan de fêsting dúdliker fuortsterke.
De Garnisoenstsjerke fan Aldeskâns waard yn 1628 boud. Yn 1772 waard de tsjerke ferpleatst en waard der oan de noardkant in pastorij tsjinoan boud. Yn it doarp is de fierder noch in fêstingsmuseum dy't it militêre ferline fan it doarp werom bringt.
Galery
- Garnisoenstsjerke mei pastorij
- Klapbrêge
- Doodenbastion
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oudeschans (Groningen) fan Wikimedia Commons. |
Westerwâlde | ||
---|---|---|
Doarpen: Agodorp • Barnflair • Bellingwolde • Blijham • Bourtange • Jipsingboertange • Lyts-Ulsda • Morige • Aldeskâns • Over de Dijk • Rhederbrug • Sellingen • Ter Apel • Ter Apelkanaal • Veelerveen • Vlagtwedde • Vriescheloo • Wedderheide • Wedde • Wedderveer • Zandberg | ||
Buorskippen: Abeltjeshuis • Bakovensmee • Borgertange • Borgerveld • Burgemeester Beinsdorp • De Bruil • De Bult • Den Ham • Ellersinghuizen • Hanetange • Harpel • Hasseberch • Hebrecht • 't Heem • Hoorn • Hoornderveen • Jipsingboermussel • Jipsinghuizen • Koudehoek • Lammerweg • Laude • Lauderbeetse • Laudermarke • Lauderzwarteveen • Leemdobben • De Lethe • Lutjeloo • De Maten • Munnekemoer • Overdiep • Pallert • Plaggenborg • Poldert • Renneborg • Rhederveld • Rijsdam •Roelage • 't Schot • Sellingerbeetse • Sellingerzwarteveen • Slegge • Stakenborg • Stobben • Ter Borg • Ter Haar • Ter Walslage • Ter Wisch • Tjabbesstreek • Veele • Veerste Veldhuis • Vlagtwedder-Barlage • Vlagtwedder-Veldhuis • Weende • Weenderveld • Weite • Wessingtange • Westeind • Wollingboermarke • Wollinghuizen • Wynskoaterhegebrêge • Zuidveld • Sânwyk • Zethuis • Zuiderburen | ||
Wetter: B.L. Tijdenskanaal • Mussel-Aa • Mussel-Aa-kanaal • Ruiten Aa • Ruiten-Aa-kanaal • Ter Apelkanaal • Westerwâldske Aa | ||
wizigje |