Alderdom, âldens, âlder of (mei in folslein yn it Frysk ynboargere hollanisme) leeftyd is de tiidsdoer op in beskaat tiidstip dy't in organisme libbe of in objekt bestien hat. Yn 'e measte gefallen sil it bedoelde tiidstip it no wêze, en de âlderdom de folsleine tiidsdoer fan libben of bestean yn ferline en hjoed. Alles wat yn 'e tiid bestiet (en dat is alles) hat in beskate âlderdom, fan it hielal oant it lytste molekulêre dieltsje. De âlderdom fan in organisme of objekt kin ek allinnich mar grutter wurde, wat bart yn in proses dat ferâldering hjit. (It tsjinstelde, ferjonging, is in mytysk konsept dat yn it echt net bestiet.) It meast wurdt it begryp âlderdom lykwols brûkt yn 'e kontekst fan 'e libbensdoer fan minsken. De gemiddelde âlderdom fan in minsklike befolking is yn 'e demografy in wichtich middel om in yndikaasje te jaan fan û.o. de fergrizing.
Utdrukking fan âlderdom
By minsken wurdt âlderdom rekkene fan 'e berte ôf; it bestean foar de berte, ûnder it swierwêzen fan 'e mem, wurdt net meiteld. De âlderdom wurdt yn 'e regel oanjûn yn hiele libbensjierren, behalven by poppen fan minder as oardel jier, fan wa't de âlderdom ornaris yn moannen útdrukt wurdt. In nij libbensjier, dat ûnderskaat wurde moat fan û.m. in kalinderjier en in skoaljier, begjint op 'e jierdei, wêrby't om sekuer te wêzen fan 'e foargeande midsnacht (0.00 oere) ôf rekkene wurdt, sûnder it eigentlik tiidstip fan 'e berte yn acht te nimmen. As men op 'e skrikkeldei 29 febrewaris berne is, begjint it nije libbensjier eins om 0.00 oere op 1 maart, ek al fiere in soad minsken de jierdei dan op 28 febrewaris.
Alderdom wurdt gauris brûkt om oan te jaan foar wa't dingen bedoeld binne. Dêrby wurdt it oanjaan fan 'e âlderdom lykwols net altyd like sekuer dien. In oantsjutting as "4 oant en mei 11 jier" betsjut, krektlyk as "4 oant 12 jier", dat eat bedoeld is foar persoanen dy't teminsten fjouwer jier binne, mar noch gjin tolve jier. De oantsjutting "4 oant 12 jier" wurdt lykwols faak begrepen as "4 oant en mei 12 jier", dus "teminsten fjouwer jier, mar noch gjin trettjin jier". Noch minder wurdt it as der sprutsen wurdt oer "âlder as 12 jier". Dat kin betsjutte: "de âlderdom fan 12 jier berikt hawwende", mar ek "13 jier of âlder". Soms wurdt ek wurke mei in +-teken, om oan te jaan dat de âlderdom boppe in beskaat punt leit of lizze moat, benammen as it giet om "18+": persoanen dy't 18 jier binne of âlder (en dêrmei wetlik mearderjierrich); of "65+": persoanen dy't 65 jier binne of âlder (en dêrmei foarhinne de pinsjoenrjochtige leeftyd berikt hiene).
Libbensstadia
De ûnderskate libbensstadia fan 'e minske wurde ornaris ferbûn oan in beskate âlderdom, hoewol't de grinzen net altyd like eksakt werjûn wurde kinne:
- bern: berte – 20 jier
- poppe: berte – 11/2 jier
- pjut: 11/2 – 4 jier
- beuker: 4 – 6 jier
- skoalgeande bern: 6 – 12 jier
- puber: 12 – 15 à 17 jier
- adolesint: 15 à 17 – 20 jier
- folwoeksene: 20 jier – ferstjerren
- jongere folwoeksene: 20 – 40 jier
- lju yn har middeljierren: 40 – 60 jier
- lju op jierren: 60 – 90 jier (ek wol 'bejierre' of 'senioaren' neamd)
- lju op hege jierren: 90 jier – ferstjerren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |