Sicht op de Aldebildtdyk

De Aldebiltdyk (ek stavere as 'Alde Biltdyk'; Biltsk: Ouwe Dyk) is in yn 1505 oanleine seedyk yn It Bilt, yn 'e gemeente Waadhoeke, dy't troch de himrikken fan Aldebiltsyl en Nij Altena rint. It is de earste dyk dy't yn 1505 oanlein waard by de ynpoldering fan it gebiet fan de eardere gemeente It Bilt. De Biltpolder makke ea diel út fan de Middelsee, mar slibbe stadichoan hieltiten mear ticht. Om de oerstreaming by floed yn de Waadsee tsjin te gean waard dizze dyk oanlein. Oant hjoed de dei (2008) slibbet der noch hieltiten lân oan en wurdt nij lân foarme. Yn de 17e iuw ferlear de Ouwe Dyk syn beskermjende funksje trochdat de Nijebiltdyk oanlein waard. Troch de oanlis yn de 20e iuw fan de hjoeddeiske seedyk ferlear ek dy Nijebiltdyk syn beskermjende funksje.

Sûnt 2015 beheart de Aldebiltdyk ta it Ryksbeskerme gesicht Alde en Nije Bildtdiken.

Bewenning

Op de Alde- én op de Nijebiltdyk waarden lânarbeiderswenten boud. Neffens in feroardering út 1546 fan Karel V mochten de wenningen allinnich oan de noardside fan de dyk boud wurde. Sa gie gjin kostbere lânbougrûn ferlern. Om de húskes te frijwarjen fan oerstreaming waarden se sa heech mooglik tsjin de dyk boud. Oan de súdside fan de dyk waarden wol pleatsen yn typyske Biltske styl boud.

De wenningen oan de dyk kamen yn de twadde helte fan de 20e iuw leech te stean. De eartiids agraryske befolking fûn gjin wurk mear yn de streek en luts fuort. Leechstân en sloop drige. Dochs bliek der belangstelling foar de wenningen te bestean. Rânestêdelingen, sykjend nei rêst en romte, kochten hjir wenningen. De sloopplannen gienen fan tafel en de wenningen op de dyk waarden op it riolearingsnetwurk oansluten. De húskes waarden opknapt en yn bewenbere steat werom brocht. Tsjintwurdich wenje der ek keunstners op de dyk. Der binne meardere ateliers te finen. Yn 2018 waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 yn sân jirpelskuorren oan 'e dyk de tentoanstelling Fruchtbere Grônd holden.

De Aldebiltdyk is ien fan 'e langste strjitten fan Fryslân en fan Nederlân mei 14.250 meter. (Mar net de langste, sa't faak sein wurdt, want dat is de Van Heemstraweg tusken Beuningen en Saltbommel.)

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.