Alde blauwe seeklaai, of gewoanwei âlde seeklaai, is in laach seeklaai yn de ûndergrûn fan Noard-Nederlân, Noardwest-Dútslân, it westen fan Nederlân en Flaanderen en Frânsk-Flaanderen. Earder hearde dy ta de Ofsetting fan Calais, mar yn de hjoeddeisstige litostratigrafyske yndieling fan Nederlân wurde dy ôfsettings ta it Wormer Leechpakket yn de Formaasje fan Naaldwijk rekkene.

De klaailaach waard tusken 8000 en 4000 jier ferlyn foarme, rûchwei yn it tiidrek Atlantikum. De seespegel gie doe fluch omheech troch it ranen fan de iiskapen út de lêste iistiid. Foar de kust waarden strânwâlen foarme, mar troch it fluch omheech gean fan de seespegel biek de see dêr gauris trochhinne en ûntstiene dêr lagunen benefter dy strânwâlen, dat te ferlikenjen is mei de Waadsee. Dêr foarme in tsjok pakket sânige en klaaiige kwelder- en waadôfsettings.

Njonken de âlde seeklaai bestiet ek jonge seeklaai dat letter foarme waard.

Kepeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Henk Berendsen; 2004: De vorming van het land: inleiding in de geologie en de geomorfologie, Utjouwerij Van Gorcum, ISBN 9023240758.
  • Weerts, H.; Cleveringa, P.; Westerhoff, W.; Vos, P. (2006): Nooit meer; afzettingen bij Duinkerke en Calais, Archeobrief (Methoden en Technieken), 28-34. Stifting foar de Nederlânske Argeology (SNA)
  • Weerts, H.J.T.; 2003: Formatie van Naaldwijk, webstee fan TNO
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.