De Alde Wjittering wie de feart dy't it wetter fan de Boarn nei de Snitser Mar brocht doe't de Mûzel troch lânwinning yn de Middelsee blokkearre rekke. De Alde Wjittering rûn fan dêr't no Aldskou leit (by Akkrum) nei de noardeast-punt fan de Snitser Mar, no de Terhernster Mar.
Letter waard in Nije Wjittering groeven dy't foar it grutste part op itselde plak lei, sadat fan de Alde Wjittering allinich it stik fan de Sâlte Grêft nei de Snitser Mar oer wie. Hjoed-de-dei is ek dit lêste part fan de Alde Wjittering ferdwûn.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.