Alde Tsjerke (It Heechsân)
De tsjerke mei klokhûs (Jacobus Stellingwerff, 1721)
De tsjerke mei klokhûs (Jacobus Stellingwerff, 1721)
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plakIt Heechsân
adresToerloane 11
koördinaten53° 11' N 6° 04' E
Tsjerklike gegevens
patroanhilligeûnbekend
Arsjitektuer
boujier13e iuw?
sloopjier1868 (skip)
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer35666
Kaart
Alde Tsjerke (Fryslân)
Alde Tsjerke

De Alde Tsjerke fan It Heechsân ûnder Eastermar wie in tsjerkegebou, dat yn 1868 op 'e toer nei sloopt waard.

Skiednis

De toer.

Oarspronklik lei it plak Eastermar noardlik fan it hjoeddeiske plak op It Heechsân. Fanwegen it ferfeantsjen is Eastermar yn 'e rin fan 'e tiid nei it suden opskood, nei de igge fan de Lits. De âlde midsiuwske tsjerke fan Eastermar stie yn 'e oarspronklike delsetting It Heechsân.
De âlde tsjerke waard fanwegen brekfalligens yn 1868 ôfbrutsen, it klokhûs al yn 1835. De toer bleau lykwols sparre. De toer stiet op it begraafplak en tsjin de toer waard, nei it ôfbrekken fan de âlde tsjerke, in opbierromte anneks deahúske boud. Yn 1997 waard de toer restaurearre, wêrby't de karakteristike klimmer behâlden bleau. Sûnt de restauraasje hat de toer wer in liedklok. De âlde klok wie yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers foardere. De tsjerketoer is erkend as ryksmonumint.

Op in print út 1721 binne tsjerke en toer troch Jacobus Stellingwerff ôfbylde.

De nije Herfoarme tsjerke waard ek boud op It Heechsân, sa 'n 400 meter súdliker oan 'e Toerloane. Ek dy yn eklektyske styl boude tsjerke is in ryksmonumint, tegearre mei it njonkenlizzende ferieningsgebou en de pastorij der tsjinoer.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.