Aldamt

Oldambt


Reiderwolderpolder
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplakWynskoat
grutste plakWynskoat
ynwennertal39.433 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens167 / km²
oerflak295,96 km²
● wêrfan lân227,80 km²
● wêrfan wetter68,16 km²
tal stêden1
tal doarpen14
ferkearsierenA7
Spoarline Grins-Bad Nijeskâns
skiednis
oprjochte2010
Foar 2010 Reiderlân
Scheemda
Wynskoat
oar
netnûmer0596, 0597, 0598
postkoade9670-9682, 9684-9694, 9940-9944
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.gemeente-oldambt.nl

It Aldamt Nederlânsk en offisjeel: Oldambt) is in gemeente yn it easten fan de provinsje Grinslân, dy't by in gemeentlike weryndieling yn 2010 ûntstien is út de gearfoeging fan de gemeenten Scheemda, Wynskoat en Reiderlân.

De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 39.433 ynwenners (boarne: CBS). It is dêrmei nei ynwennertal de sechsde gemeente fan Grinslân mei in oerflak fan ûngefear 296 km².

Algemien

De gemeente Aldamt wurdt skaaimerke troch it stêdlike gebiet Wynskoat-Hilligerlee-Scheemda bylâns de A7 mei sa'n 25.000 ynwenners, it Wynskoaterdjip, de spoarwei Grins-Bremen, de doarpering om it projekt fan de Blauwestêd en it poldergea tsjin de Doalert oan, ek wol de "Nôtrepublyk" neamd. Fierder hat de gemeente in grinsoergong nei Dútslân by it eardere festingsplak Bad Nijeskâns.

De goed 30.000 ynwenners hawwe de beskikking oer in sikehûs: Ommelanner Sikehûs Grinslân yn Scheemda,de wiidweidige winkelfoarsjennings yn en om it sintrum fan Wynskoat hinne en in soad romte, fytspaden, de Aldamtmar fan 800 bunder en it kuerkompleks Thermen Bad Nieuweschans. Yn de stêd Wynskoat is der ûnderrjocht oanwêzich yn de foarm fan basisskoalle, middelber ûnderwiis (oant en mei gymnasium), ynternasjonaal ûnderwiis en ferskate MBU-opliedings.

De gemeente Aldamt rint foarop mei de fergrizing fan de befolking yn Nederlân, om't de gemeente in krimpgemeente is. It projekt Blauwestêd moat befolking nei de gemeente oanlûke.

Skiednis

Yn jannewaris 2008 besleaten de trije gemeenten ûnder druk fan de provinsje Grinslân ta de gemeentlike weryndieling, ek om't der tusken Scheemda en Wynskoat om de keunstmjittige Aldamtmar hinne it Blauwestêd-projekt oanlein waard. Benammee de kommunistyske partijen, de Nije Kommunistyske Partij Nederlân yn Reiderlân en de Feriene Kommunistyske Partij yn Scheemda, hawwe fûl protestearre tsjin de weryndieling. Yn de riedsgearkomsten blieken se de iennige tsjinstanners.

De gemeente leit yn de streken en de âlde Fryske goaen Reiderlân en it Aldamt, dêr't de gemeentenamme weikomt. Troch middel fan in enkête koene de ynwenners in namme kieze, dêr't Wynskoat en Reiderlân de oare twa karren wiene. Op 20 novimber 2008 kaam Aldamt dêrby as de winnende namme út de bus.

Ekonomy

Topografyske gemeentekaart fan Aldamt

De gemeente Aldamt hat yn 2019 goed 16.000 wurkplakken en is dêrmei de fjirde ekonomy yn de provinsje. Nijsgjirrich is dat yn de sektoaren soarch en oare tsjinstferliening Aldamt nei de gemeente Grins de measte banen hat. Wichtige sektoaren yn de gemeente binne yndustry, hannel en lânbou. De wichtichste bedriuweterreinen yn de gemeente binne yn Scheemda (Eextahaven), Wynskoat en Bad Nijeskâns.

Befolking

De gemeente Aldamt hat 15 plakken:

WenplakYnwenners 2019
Bad Nijeskâns1.345
Beerta2.215
Blauwestêd665
Drieborg480
Finsterwolde2.240
Hilligerlee1.440
Midwolda2.175
Nieuw-Beerta110
Nieuw-Scheemda340
Nieuwolda1.370
Oostwold1.405
Oudezijlnet bekend
Scheemda4.970
Westerlee1.495
Wynskoat17.850

Gemeenterie

Utslaggen gemeenteriedsferkiezings
Partij 2009 2014 2018 2022
tal %sitten tal %sitten tal %sitten tal %sitten
PvdA 3.15523,5%7 2.32013,4%4 2.26914,5%4 2.14414,7%4
Gemeentebelangen Oldambt --- --- 1.61510,3%3 1,96913,5%4
PvhN 4533,4%1 17009,8%3 1.5059,7%3 1.53210,5%3
VCP 1.1388,5%2 2.75716,0%4 1.84311,8%3 1.4299,8%3
VVD 1.60512,0%3 1.5769,1%2 1.99712,8%3 1.4159,7%2
SP 1.35010,1%3 3.21318,6%5 2.00812,9%4 1.3429,2%2
CDA 2.14216,0%4 1.96611,4%3 1.2808,2%2 9926,8%2
PVV --- --- --- 8605,9%1
D66 1.0607,9%2 1.3727,9%2 9726,3%1 8175,6%1
ChristenUnie 6765,0%1 9105,3%1 9676,2%1 7295,0%1
GrienLinks 1.1348,5%2 4862,8%0 --- 6274,3%1
Oldambt Aktief 3952,9%0 9055,2%1 6584,2%1 4963,4%1
BVNL 1601,1%0
Groep HOP 730,4%0 -0,4%0 ---
Nije Kommunistyske Partij-NCPN 3102,3%0 --- ---
Opkomst13.41842,3%2517.2782515.92350,2%2514. 59146,0%25

Sjoch ek

Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • BoneskânsEexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • GanzedijkGoldhoornHamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
wizigje
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.