
Administraasjegebou
It Ald Burger Weeshûs fan Snits waard yn 1581 stifte, nei de Reformaasje. It Weeshûs krige it behear oer besittings fan de kleasters Groendijk, Nazareth en het Kruizebroederkleaster. Dy leinen yn en om Snits hinne en waarden mei de herfoarming opheft. Tsjintwurdich ferpachtet de stichting it Old Burger Weeshuis noch lannen by njoggen pleatsen, earder Burger Weeshuys pleatsen neamd. Yn Loaiïngea stiet noch de weeshûspleats Pasveer mei in gevelstien fan it Ald Burger Weeshûs.
De opbringsten út dy besittings waarden yn it earstoan allinnich brûkt foar de fersoarging fan de Snitser stedswezen.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.