Lizzing fan Oud-Zuilen yn de eardere gemeente Maarssen
Komboerd Oud-Zuilen

Oud-Zuilen is in doarp oan de rivier de Fecht, yn de gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert.

Om 700 hinne hie de Fryske ealman Wursing, de pake fan de ferneamde sindeling en biskop Liudger, it lângoed Swesen oan de Fecht yn besit. Yn de 13e iuw is der foar it earst sprake fan Zuilen.

Om 1900 wurdt troch de yndustrialisaasje in útwreiding fan it doarp realisearre meidat de bedriuwen Werkspoor en Demka harren fêstigen oan it Amsterdam-Rynkanaal. Dy útwreiding, dy't hielendal los stie fan it doarp, waard Nieuw-Zuilen neamd. Nieuw-Zuilen waard yn 1954 anneksearre troch de stêd Utert en leit no yn de wyk Noardwest.

It besjen wurdich

  • Yn it doarpke stiet it Slot Zuylen.
  • It Planetarium Zuylenburgh, dat allinnich op ôfspraak besichtige wurde kin.
  • Galery Oud-Zuylen, yn it histoaryske pân Swaenen-Vecht.
  • De eardere Herfoarme Tsjerke fan Oud-Zuilen, dy't tegearre mei Slot Zuylen ûnder it beskerme doarpsgesicht falt.
  • Noardlik fan de buorren steane twa mûnen: de Buitenwegse Molen en de Westbroekse Molen.

Bibliografy

  • J.E.A.L. Struick - Zuilen. Utert, Het Spectrum, 1973. 122 siden
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Stichtske Fecht
Doarpen:
Breukelen • Kockengen • Loenen oan de Fecht • Loenersloot • Maarssen • Maarssenbroek • NieuwersluisNieuwer Ter AaNigtevechtOud-ZuilenTienhovenVreeland
Buorskippen:
Bethunepolder • KerklaanMaarsseveen • Molenpolder • MijndenNieuwerhoekNieuw-MaarsseveenOud-Maarsseveen
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.