Albertus Johannes fan Gruisen (Kleinemeer, 1741 - Ljouwert, 25 jannewaris 1824) wie in Nederlânsk oargelbouwer.

Fan Gruisen makke 1776 in oargel foar in tsjerke yn syn berteplak. Yn 1777 neamt oargelist Jacob Wilhelm Lustig syn namme. Yn 1778 ferfear er foar in tal jierren nei Meppel en 1782 festige er him Ljouwert en kaam er yn tsjinst fan de ferneamde oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. As selsstannich oargelmakker boude er fral yn Fryslân tsjerkoargels. Hy wie boaske oan Catharina Willems. Syn soan Willem van Gruisen (1788-1843) gie 1824 fierder mei de firma A. van Gruisen & Zonen. De oargelmakkerij waard yn 1843 oernaam troch Willem Hardorff.

Oargels (in kar)

Jier Plak Tsjerke Ofbyld Oantekenings
1783 Harns Sint-Michaeltsjerke 1868 waard it orgel ferfongen troch in Adema-oargel
1784 Reduzum Vincentiustsjerke
1786 Snits Doperske tsjerke Oargel yn 1847 útwreide fan J.C. Scheurer
1788 Boalsert Martinustsjerke It oargel waard 1876 ferfongen en yn 1934 ferkocht oan de Mariatsjerke yn Helmond (Brouwhuis).
1790 It Hearrenfean Herfoarme tsjerke (sloopt) Oargel yn 1861 ferboud troch Van Dam. 1972 oerset yn Marturiatsjerke yn Assen. 2011 oerbrocht nei de tsjerke Real Oratorio del Caballero de Gracia yn Madrid[1]
1794 Ie Tsjerke fan Ie Oargel yn 1951 yn tsjerke yn Burgh (Schouwen-Duiveland) pleatst
1795 Hichtum Tsjerke fan Hichtum
1798 Ysbrechtum Tsjerke fan Ysbrechtum
1799 Jorwert Sint-Radboudtsjerke
1802 Reahûs Sint-Martinustsjerke Oargel yn 1928 ôfbrutsen
1803 Marsum Sint-Pontianustsjerke
1805 Oosternieland Nicolaastsjerke
1808 Dokkum Roomsk-katolike skûltsjerke (Heechstrjitte) Yn 1923 oerset nei Grifformearde tsjerke yn Boerakker. Yn 2005 nei Wadenoijen.
1811 Hallum Grutte of Sint-Maartentsjerke
1811 Jellum Herfoarme tsjerke oargel yn 1893 sloopt
1811 Wâldsein Sint-Michaeltsjerke Set yn 1840
1819 Friens Tsjerke fan Friens Ingebruikneming te Friens 2001
1820 Genemuiden Grutte Tsjerke Yn 1882 troch brân ferlern gien
1821 Donkerbroek Grifformearde tsjerke

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. orgelsindrenthe.nl Marturiakerk Assen


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.