Alain Delon
akteur
Delon yn 1959.
Delon yn 1959.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAlain Fabien Maurice
   Marcel Delon
nasjonaliteit Frânsk
   Switsersk
berne8 novimber 1935
berteplakSceaux (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
Korsikaansk
jierren aktyf1957 – no
prizenCésar 1985
Légion d'Honneur 1991
offisjele webside
www.alaindelon.ch

Alain Delon (útspr.: [a'lɛ̃ dǝ'lõ], likernôch: "alêng delong"; folút: Alain Fabien Maurice Marcel Delon; Sceaux (Frankryk), 8 novimber 1935) is in Frânsk-Switsersk akteur, dy't fanôf it begjin fan syn karriêre yn 'e 1950-er jierren fluch opklom ta ien fan 'e meast foaroansteande filmstjerren fan syn heitelân, en wol 'de manlike Brigitte Bardot' neamd waard. Hy wie in hoart ferloofd mei de ferneamde Eastenrykske aktrise Romy Schneider, en wûn yn 1984 de César (de Frânske Oskar) yn 'e kategory bêste akteur. Yn 1999 naam er njonken syn Frânske nasjonaliteit ek it Switserske steatsboargerskip oan. Sûnt wennet er yn 'e omkriten fan Sjenêve.

Libben en karriêre

Bernetiid en oplieding

Delon waard yn 1935 berne yn Sceaux, in foarstêd fan Parys yn wat no it departemint Hauts-de-Seine is. Hy is fan mingd Frânsk en Korsikaansk etnysk komôf, mei't syn beppe oan heitekant in Korsikaanse út Prunelli-di-Fiumorbo wie. Syn âlden, Fabien Delon en Édith Arnold, skieden doe't er fjouwer jier wie. Beiden wertrouden se, en dêrtroch hat Delon in jongere healsuster en twa jongere healbruorren. Delon genoat syn ûnderwiis û.m. oan in roomske kostskoalle, mar waard dêr fan skoalle stjoerd fanwegen ûnlijich hâlden en dragen. Om syn talint foar godstsjinstige saken besochten ferskate dosinten en bepraat him om preester te wurden, mar dêr woed er neat fan witte.

Jonge jierren

Mei fjirtjin jier gie Delon foargoed fan skoalle, wêrnei't er in skoft yn 'e slachterij fan syn styfheit wurke. Trije jier letter naam er tsjinst by de Frânske Marine, dêr't er marinier (fusilier marin) waard. Yn dy hoedanichheid focht er yn 1953 en 1954 mei yn 'e Earste Yndosineeske Oarloch yn Frânsk-Yndosina, tsjin 'e Fjetnameeske ûnôfhinklikheidsbeweging fan Ho Chi Minh. Nei eigen sizzen brocht er fan 'e fjouwer jier dat er by de marine wie, alve moanne yn it tichthûs troch foar ynsubordinaasje en oare gebrekken oan dissipline.

Nei't er yn 1956 earfol út tsjinst ûntslein wie, kearde Delon nei Frankryk werom, dêr't er it krap hie en himsels mei los wurk besocht te ûnderhâlden. Hy wurke in skoft as ober yn in restaurant, mar ek as kroader op in treinstasjon, as klerk en as winkelbetsjinde. Yn dy snuorje rekke er befreone mei de aktrise Brigitte Auber, mei wa't er op in stuit nei Cannes ta reizge om it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes te besykjen. Dat wie wêr't Delon syn eigen aktearkarriêre begjinne soe.

Aktearkarriêre

Yn Cannes krige in talintescout foar de Amerikaanske filmprodusint David O. Selznick Delon yn it each. Nei't er foar Selznick audysje dien hie, bea dyselde him in kontrakt as akteur oan, op betingst dat er Ingelsk leare soe. Delon gie doe werom nei Parys om him dy taal eigen te meitsjen, mar dêr krige er kunde oan 'e Frânske regisseur Yves Allégret, wêrnei't er besleat dat er ek akteur wurde koe sûnder Ingelsk te learen. Selznick stie him ta om it kontrakt op te sizzen, en dêrnei besoarge Allégret him yn 1957 syn akteardebút yn 'e film Quand la Femme s'en Mêle. It jiers dêrop spile Delon ek yn Sois Belle et Tais-toi en Christine, yn dy lêste film mei as tsjinspylster de Eastenrykske aktrise Romy Schneider. Syn fjirde film, Faibles Femmes (1959), draaide ek yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen, dêr't it in grut súkses waard.

Delon yn 'e Amerikaanske film Lost Command, út 1966.

Yn 1960 wie Delon te sjen yn 'e film Plein Soleil fan regisseur René Clément, dy't basearre wie op 'e roman The Talented Mr. Ripley, fan Patricia Highsmith. Dêryn fertolke Delon de haadrol fan Tom Ripley ta lûd jûchhei fan 'e resinsinten. Fuort dêrnei spile er yn Luchino Visconti syn Rocco e i Suoi Fratelli, in optreden dêr't de kritisy op 'e nij tige oer te sprekken wiene. Yn 1961 stie Delon foar it earst op 'e planken yn in opfiering yn Parys fan it toanielstik Tis Pity She's a Whore fan John Ford, mei as tsjinspylster op 'e nij Romy Schneider, wylst Visconti de rezjy die. Yn 1963 wurke Delon op 'e nij mei Visconti gear yn 'e film Il Gattopardo. Dêrnjonken wurke er ek mei Jean-Pierre Melville, dy't him regisearre yn 'e films Le Samouraï (1967), Le Cercle Rouge (1970) en Un Flic (1971). Ek spile Delon yn 1966 yn 'e Amerikaanske oarlochsfilm Lost Command, fan regisseur Mark Robson, mei as tsjinspilers û.m. Anthony Quinn, George Segal en Claudia Cardinale.

Yn 1964 wijde de Cinémathèque Française in presintaasje oan Delon syn films. Datselde jier rjochte er mei George Beaume syn eigen filmstudio op, mei as namme Delbeau Production. Harren earste film, L'Insoumis, moast fanwegen swierrichheden op it mêd fan auteursrjochten op 'e nij montearre wurde. Dêrop begûn Delon syn eigen studio, Adel, wêrfan't de film Jeff (1969), mei himsels yn 'e haadrol, de earste produksje wie. Neitiid produsearre en fertolke er de haadrol yn Borsalino (1970), mei as tsjinspilers Jean-Paul Belmondo en Catherine Rouvel, dat ien fan 'e meast opbringende Frânske films aller tiden waard. Yn 1973 naam Delon boppedat yn in duët mei de Frânske sjongster Dalida it popliet Paroles, Paroles op, in oersetting fan it Italjaanske liet Parole, Parole.

Yn 1975 spile Delon de titelrol yn 'e Italjaansk-Frânske film Zorro, en in jier letter hied er de haadrol yn it bekroande Monsieur Klein. Yn 1983 fertolke er de rol fan 'e baron fan Charlus, in aristokratyske dandy, yn 'e filmadaptaasje Un Amour de Swann fan 'e lyknammige roman fan Marcel Proust. Delon wûn yn 1984 de César (de Frânske Oskar) yn 'e kategory bêste akteur foar syn rol as Robert Avranches yn 'e film Notre Histoire fan regisseur Bertrand Blier. Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren en yn 'e 1990-er jierren folge in hiele rige fan flopte films. Ien út dat rychje dy't derút sprong wie Nouvelle Vague, út 1990, wêryn't Delon in twilling spile. Syn lêste grutte filmrol hied er yn 1998 yn Une Chance sur Deux, fan regisseur Patrice Leconte.

Desyllúzjonearre oer syn brekme oan súkses makke Delon yn 1997 bekend dat er it aktearjen deroan joech, hoewol't er sûnt noch altyd op ynsidintele basis rollen akseptearret. Underwilens hat er him mear talein op it oan 'e man bringen fan in hiele kolleksje produkten dy't ûnder syn namme ferkocht wurde, wêrûnder horloazjes, klean, sinnebrillen, briefpapier en sigaretten. Syn sinnebrillen waarden benammen yn Hongkong tige populêr nei't akteur Chow Yun-fat se droech yn 'e film A Better Tomorrow út 1986. Underwilens wie Delon yn 1991 as ridder (chevalier) opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur, in ûnderskieding dy't yn 2005 omset waard yn 'e hegere rang fan ofsier (officier). Yn 2019 waard oan Delon in Gouden Earepalm takend troch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Delon yn 2010 mei syn dochter Anouchka.

Priveelibben

Delon ferloofde him op 20 maart 1959 mei de ferneamde Eastenrykske aktrise Romy Schneider. Under harren ferloving ûnderhold Delon lykwols ek in relaasje mei de Dútske aktrise en sjongster Nico. Dyselde brocht op 11 augustus 1962 syn soan Christian Aaron te wrâld. De jonge waard foar it meastepart troch Delon syn âlden grutbrocht en soe letter ûnder de namme Ari Boulogne karriêre meitsje as fotograaf. Yn desimber 1963 brieken Schneider en Delon harren ferloving ôf, wêrnei't Delon op 13 augustus 1964 mei it Frânske fotomodel Nathalie Barthélemy troude. Harren soan, de lettere akteur Anthony Delon, waard in moanne letter berne. Delon en Barthélemy skieden faninoar op 14 febrewaris 1969.

Underwilens wie Delon nammentlik yn 1968 op 'e set fan 'e film Jeff yn 'e kunde kommen mei de Frânske aktrise Mireille Darc, mei wa't er daliks in relaasje begûn dy't duorre oant 1982. Yn 1987 mette Delon it Nederlânske model Rosalie van Breemen op 'e set fan 'e fideoklip foar syn nûmer Comme au Cinéma. Hja begûnen in relaasje dy't al rillegau útrûn op gearwenjen. Delon en Van Breemen krigen twa bern: Anouchka, dy't op 25 novimber 1990 berne waard, en Alain-Fabien, dy't op 18 maart 1994 te wrâld kaam. Yn oktober 2002 giene Delon en Van Breemen útinoar. Underwilens hie Delon op 23 septimber 1999 ek it Switserske steatsboargerskip oannommen, sadat er sûnt in dûbele nasjonaliteit hat. Hy wennet sûnt yn Chêne-Bougeries, yn it kanton Sjenêve. Yn in fraachpetear yn 2013 spriek Delon mei klam syn stipe út foar de ekstreem-rjochtse Frânske politike partij Front National.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.