In ûngemak, ûngelok of aksidint (fan it Frânske accident) is eat dat ûnferwachts en by fersin misrint, mei (meastal) materiële skea en/of lichaamlik letsel as gefolch. Ungemakken komme faak foar yn it ferkear, mar ek gewoan thús kin men in ûngemak krije, want, sa't it sprekwurd seit: "in ûngemak sit yn in lytse hoekje". De meast foarkommende oarsaken fan ûngemakken binne minsklike flaters (benammen ûnoplettendheid en gebrek oan konsintraasje), organisatoaryske flaters en brekmen oan meganyske ûnderdielen fan fiertugen of oare apparaten.
Thús hawwe ûngemakken almeast te krijen mei in fal. Men kin dan tinke oan fallen fan in kokentrepke, by de trep del fallen, of útglydzjen op wiete tegels, bygelyks ûnder de dûs. Oarsoartige ûngemakken thús komme foar as men ark en reau brûkt en men jinsels bgl. mei de hammer op 'e finger slacht, of jinsels ferwûnet mei elektryske apparaten, lykas in boarmasine, in dekûpearseage, in skuormasine of in elektryske haachskjirre. Fierders krije in protte lju op wintersport sky-ûngemakken, wêrby't se faak in skonk of in earm brekke.
Under ferkearsûngemakken ferstiet men yn 'e regel ûngemakken op 'e iepenbiere wei wêrby't auto's, frachtweinen, autobussen, motorriders, bromfytsers, fytsers en/of fuotgongers belutsen binne. Fierders binne der ek noch treinûngemakken, fleantúchûngemakken en skipsrampen. Men sprekt fan in ramp as der tige grutte skea oanrjochte wurdt en/of in soad (deadlike) slachtoffers binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|