Akkrum | ||
![]() | ||
Buorren | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.320 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 11,92 km², wêrfan - lân: 11,18 km² - wetter 0,73 km² | |
Befolkingsticht. | 296 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 02' N 5° 50' E | |
![]() | ||
Kaart fan Akkrum | ||
Offisjele webside | ||
akkrum.net | ||
Kaart | ||
![]() ![]() |
Akkrum is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente It Hearrenfean. Akkrum foarmet tegearre mei Nes in twillingdoarp.
It doarp hat 3.320 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Akkrum is tusken 525-725 ûntstien op in terp besuden De Boarn en is de dyk bylâns fierder woeksen. Om 1500 hinne is it âlde Akkrum delbaarnd, mar it is wer opboud. Yn likernôch 1860 waard hjir de earste reedmakkerij fan Nederlân stifte: Steamreedmakkerij Ruiter.

Akkrum wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 it haadplak fan de gemeente Utingeradiel. Dêrnei wie Akkrum in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en nei opheffing fan dy gemeente op 1 jannewaris 2014 waard it doarp by de gemeente It Hearrenfean yndield.
Ferhaal oer it ûntstean
Akkrum komt wierskynlik fan op de akker of it hiem fan Akker. Yn in reuzeteltsje binne twa reuzen de Boarn oan it graven. As de iene efterom sjocht stint er: "A, krom". Dêrfandinne de namme Akkrum en ek de Kromme Knilles. Jan de Wit makke nei oanlieding fan it teltsje foar Akkrum in keunstwurk fan de twa reuzen, dat oan It Stalt stiet.[3]
Kleaster Ealsum
De Wikipedy hat ek in side Kleaster Ealsum.
Justjes benoarden Aldskou lei yn de midsiuwen it tsjerkedoarp Ealsum oan de Boarn; no is it in buorskip. Koart nei 1400 is dêr it dûbelkleaster 'Maria's hûs yn Bethlehem' stifte fan de tertsjarissen of beginen. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster baarnde yn 1521 ôf; it waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.[4]
Earder yn Akkrum
- Oan it begjin fan de 18e iuw waard Akkrum ferneamd troch syn eksportslachterij FCE nei Londen.
- Fan de likernôch 60 moles dy't eartiids yn Akkrum en omkriten stiene, is allinne de Mellemole bewarre bleaun.
- It fabryk fan UT (Ulbe Twynstra), letter UTD nei de fúzje mei Delfia en op’t lêst Hendriks-UTD. De hege silo is ôfbrutsen.
Nijbou
- Boarnstee is de lêste útwreiding oan de eastkant by Nes.
Mienskip
Akkrum hat mei Nes in mienskiplik doarpsbelang (webstee). Oars as oare doarpen hiene Akkrum en Nes gjin eigen doarpshûs. Sûnt 2019 is dat feroare mei de iepening fan Doarpskeamer ED oan de Lange Miente 5.[5][6]
Tsjerke

Skoallen


De twa basisskoallen binne sûnt 2013 ûnderbrocht yn in nije mienskiplike lokaasje. Mei de iepening fan de nije Iepenbiere Skoallemienskip Sânwâlden yn Grou yn 2002 kaam der in ein oan it MAFU en de húshâldskoalle yn Akkrum. Oant dy tiid, lykwols, gongen de bêrn de lêste skoaldei fan it jier fan skoalle, sjongend troch de buorren: "Dit giet hjoed, ja dit giet hjoed foar’t lêste… ensfh".[7]
Ferienings

Eveneminten
- Kampioenskip Mêstklimmen 1e sneon fan july.
- De Fryske Dei, de earste sneon yn augustus.
- Op 25 augustus 2007 waard foar de 25e kear it Iepen Frysk kampioenskip Slingeraap holden.
- Tûnelûke - spektakel dat yn Akkrum ûntstien is
- De Shantydei, de earste sneon yn septimber.

Befolkingsferrin
Jier | 1848 | 1913 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.143 | 2.050 | 2.491 | 2.530 | 2.571 | 2.564 | 2.491 | 3.213 |
Jier | 2003 | 2008 | 2010 | 2015 | 2020 | |||
Ynwenners | 3.184 | 3.128 | 3.399 | 3.435 | 3.335 |
(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
.jpg.webp)
Berne
- Johannes Acronius Frisius (1520-1564), wis- en natuerkundige
- Adam Ruurds de Boer - ek wol Adam Hurdrider - (1721-1800), reedrider
- Hartgert Langman (1931-2016), VVD-politikus
- Sjoukje Dykstra (1942-), keunstrydster
- Ids Willemsma (1949-), keunstner
- Herre Hooghiemster (1946-), keunstner
- Jan Kleefstra (1964-), dichter
- Romke Kleefstra (1972-), muzikant
- Afke Hylkema (1979-), keatster
It besjen wurdich
- Coopersburg wie in hûs foar âlderein út 1901, stifte troch de miljonêr Folkert Kuipers, “Cooper’’ op syn Amerikaansk. Mar lokaal wurdt it sein sa't it skreaun is: "Kopersburg".
- Welgelegen mei syn teekoepeltsje út de 18e iuw.
- Yn de Terptsjerke (1759 op it Heechein sitte brânskildere glêzen fan Thomas en Tsjalling Gonggryp fan Snits út 1761 en 1762. Yn de tsjerke is in oargel út 1856 fan Van Oeckelen. Op de Terptsjerke út de 18e iuw stiet (boppe it koer) in seemearman ynstee fan in hoanne. In seemearman is de tsjinhinger fan in (see)mearmin. Yn de Grykske mytology soenen seemearmannen grutte stoarmen oproppe kinne om sa skippen fergean te litten.
- Yn de buorren fan Akkrum stiet de meniste tsjerke (Fermanje), dy’t dêr al foar 1600 stien hawwe moat. Dêr is oan 'e ein fan de 20e iuw in oerkape leagenbankje tsjinoan setten.
- Oan de Polsleat stiet in restaurearre spinnekopmole.
- Museum Boere-ark - ark en wurktugen fan foar de Twadde Wrâldoarloch, alles brûkt op deselde pleats.

Ynfrastruktuer
Akkrum leit oan de âlde Wei nei Oerisel en de nije A32. Dy lêste giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Akkrum rint. Dy rivier komt as De Boarn fan Nes it doarp yn, en giet as de Kromme Knilles fierder nei Aldskou. Fierders jout de Meinesleat nei it súdwesten ferbining mei de Snitser Mar en jout nei suden de Polsleat ferbining mei it Hearrenfeanster Kanaal. Ek hat Akkrum in stasjon oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert. Eastlik fan Akkrum leit jachthaven Tusken de Marren.
Strjitten yn Akkrum
Alle strjitten yn Akkrum.
Ferskaat
.jpg.webp)
- De 'Palmsneinoptocht' op Palmpeaske is in âlde tradysje weryn't bern mei fersierde krusen troch it doarp rinne.
- Yn maaie 2005 waard in Winterfeest hâlden. Der waard snie makke en doe snieballen smiten, sniepoppen makke en mei in prikslide fan in 4 meter hege skeante roetst.
- Akkrum foarmet de noardwestpunt fan de Turfrûte.
- It fersoargingshûs Leppehiem stiet yn de wyk De Himmen.
- Sûnt 1998 hat Akkrum in eigen ”wettertaksy”. Dy fart troch hiel Akkrum, om de toeristen út de haven hinne en werom nei it doarp te bringen.
- Hotel Goerres is in hotel dat al hiel lang yn Akkrum stiet.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() |
It Hearrenfean | ![]() |
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
wizigje |