Accra | ||
Binnenstêd Accra | ||
Polityk | ||
Lân | Gana | |
Regio | Grut Accra | |
Distrikt | Metropoal Accra | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.963.264 (2011) | |
Oerflak | 200 km² | |
Befolkingsticht. | 9.816/km² | |
Stêdekloft | 895 km² 5.635.304 (2011) | |
Hichte | 61 m | |
Oar | ||
Stifting | 15e iuw | |
Tiidsône | UTC+0 (GMT) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.ama.gov.gh |
Accra is de haadstêd fan Gana. De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan. Yn de stêd wennen goed 1.6 miljoen minsken yn 2001, foar 2011 wurdt it ynwennertal op in lytse 4 miljoen rûsd. Accra is grutste stêd fan it lân.
Skiednis
De earste bewenners fan Accra wiene de Ga. It tsjintwurdige Accra ûntwikkele har ta in grut plak om de Britske en Nederlânske forten dy't yn de 17e iuw boud waarden. Yn 1877 waard it haadstêd fan de Britske koloanje Gold Coast. Neidat in spoarwei nei de minen en it agraryske efterlân oanlein waard, ûntwikkele Accra him ta it ekonomyske sintrum fan Gana.
Nijsgjirrichheden
Yn Accra stiet it nasjonaal museum, de Ganeeske akadeemje foar keunsten en wittenskippen, it nasjonaal argyf en de sintrale biblioteek.
Berne yn Accra
- Marcel Desailly (7 septimber 1968), Frânsk fuotballer
- Ali Ibrahim (1 septimber 1969), fuotballer
- Samuel Johnson (25 july 1973), fuotballer
- Yaw Preko (8 septimber 1974), fuotballer
- Nii Lamptey (16 desimber 1974), fuotballer
- George Boateng (9 maaie 1975), Nederlânsk fuotballer
- Aziz Zakari (8 juny 1976), sprinter
- Isaak Kuoke (6 maaie 1977), fuotballer
- Eric Addo (12 novimber 1978), fuotballer
- Patrick Allotey (13 desimber 1978), fuotballer
- Sammy Adjei (1 septimber 1980), fuotballer
- Stephen Appiah (24 desimber 1980), fuotballer
- Anthony Obodai (6 augustus 1982), fuotballer
- Michael Essien (3 desimber 1982), fuotballer
- Derek Boateng (2 maaie 1983), fuotballer
- Ransford Addo (21 july 1983), fuotballer
- Asamoah Gyan (22 novimber 1985), fuotballer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Accra fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.