Ak Wassenaar
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAkke Wassenaar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne26 juny 1927
berteplakMenaam (Fryslân)
stoarn22 juny 2004
stjerplakSwol (Oerisel)
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenredeiboek
jierren aktyf19441945

Ak Wassenaar (folút: Akke Wassenaar en om utens bekend as Ank; Menaam, 26 juny 1927Swol, 22 juny 2004) wie in Friezinne om utens dy't yn Nunspeet wenne.[1] Under de Twadde Wrâldoarloch hold hja fan 1 jannewaris 1944 oant 5 augustus 1945 in deiboek by, doe't hja mei har âldelju en bruorren en susters oan 'e Sânwei te Menaam wenne.

Neitiid lei dat deiboek (neffens it troch Wassenaar tafoege foarwurd) tsientallen jierren te stofgarjen, oant se it yn 1988 by tafal ris tsjinkaam en betocht dat har ferhaal miskien foar de bern en bernsbern wolris ynteressant wêze kinne soe. Om't har deiboek yn it Frysk skreaun wie, en har neiteam (fierhinne) bûten Fryslân wenne, sette se it earst oer yn it Nederlânsk. De reäksjes dy't se op 'e Nederlânske ferzje krige, setten har derta oan om it deiboek nochris te fertalen, no yn 'e nije stavering fan it Frysk. Sadwaande kaam har ferhaal yn 1990 yn dy foarm út by Utjouwerij Van Wijnen yn Frjentsjer, ûnder de titel Deiboek Menaam 1944-45.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wassenaar, Ak, Deiboek Menaam 1944-45, Frjentsjer, 1990 (Utjouwerij Van Wijnen), ISBN 9 05 19 40 394.
  1. Grêf, Online Begraafplaatsen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.