Landkreis Ahrweiler | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Bad Neuenahr |
grutste plak | Bad Neuenahr |
tal gemeenten | 74 |
kenteken | AW |
Kreisschlüssel | 07 1 31 |
sifers | |
ynwennertal | 130.086 (2019) |
oerflak | 786,98 km² |
befolkingstichtens | 165 / km² |
oar | |
stifting | 1816 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50°33′ N 7°6′ E |
webside | kreis-ahrweiler.de |
Ahrweiler is in lânkring (Landkreis) yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It bestjoer hat syn sit yn Bad Neuenahr-Ahrweiler.
Geografy
De lânkring Ahrweiler grinzget mei de klok mei oan Euskirchen, Rhein-Sieg, de stêd Bonn yn Noardryn-Westfalen en de distrikten Neuwied, Mayen-Koblenz en Vulkaneifel. De eastlike grins fan de lânkring wurdt foarme troch de Ryn. De Ahr dy't yn de Ryn útmûnet rint fanút it súdwesten dwers troch de lânkring nei de mûning yn it noardeasten.
It stedsdiel Ahrweiler fan Bad Neuenahr-Ahrweiler leit oan de râne fan de Eifel. De bergen noardlik fan de Ahr wurde de "Ahrbergen" neamd. Heger binne de bergen yn it suden fan de lânkring, dy't dêr de "Hege Eifel" foarmje.
De bosken binne fral in risseltaat fan it grutskalich oanlizzen fan bosk yn de 19e iuw. It meast komt de spar foar, dy't lykwols oarspronklik net yn de regio foarkomt. Oan de grins mei de lânkring Mayen-Koblenz leit de Laacher See, de grutste mar fan Rynlân-Palts. It Rodder-Maar, in ûndjippe mei wetter folle delte, waard yn de jierren 1950 droechlein en beplante mei beammen, mar is sûnt 1998 restaurearre en tsjintwurdich in gebiet foar wetterfûgels en seldsume bisten.
Oan de Ahr wurdt in soad oan wynbou dien; it is ien fan de noardlike gebieten mei wynbou yn Dútslân. Fral reade wyn wurdt produsearre. Yn de lânkring lizze by de Nürburg de Nordschleife en de Nürburgring.
It heechste punt fan de lânkring (en dat fan it de hiele Eifel) is de Hege Acht mei in hichte fan 747 boppe seenivo.
Stêden en gemeenten
De lânkring Ahrweiler bestiet út fjouwer ferbânsfrije gemeenten (Verbandsfreien Gemeinden):
- Bad Neuenahr-Ahrweiler
- Grafschaft
- Remagen
- Sinzig
Dêrnjonken binne ek fjouwer ferbânsgemeenten (Verbandsgemeinden):
- Adenau
- Altenahr
- Bad Breisig
- Brohltal
Stêden | Ferbânsgemeenten | |
---|---|---|
|
|
|
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd |
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landkreis Ahrweiler fan Wikimedia Commons. |
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |