Agen Kolar
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeZabrak
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtJedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Saesee Tiin
Kit Fisto
Plo Koon
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean2002

Agen Kolar (útspr.: [ˈaːɡɛn koʊˈlɑɹ], likernôch: "aa-gen koo-lar") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Zabraks, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Agen Kolar waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) spile troch akteur Tux Akindoyeni.

Fiktive biografy

Eftergrûn

Agen Kolar wurdt berne as in Iridoanske Zabrak op 'e planeet Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op syn thúswrâld, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Agen Kolar ûntjout him meitiid ta in foaroansteande Jedi.

Kloane-oarloggen

Yn 22 f.Sl.Y. brekt de Separatistyske Krisis út, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk. Dêrby wurde de Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis troch de Sith greve Dooku ta de deastraf feroardiele. Kolar nimt diel oan it gefjocht yn 'e Petranaki Arena wêrby't it trio befrijd wurdt. Hy oerlibbet de Earste Slach om Geonosis, mar syn padawan Tan Yuster wurdt deade troch in oarlochsandroïde. Neitiid fjochtet Kolar yn 'e Kloane-oarloggen as in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat.

Tsjin 'e ein fan it konflikt, yn 19 f.Sl.Y., wurdt Kolar beneamd as lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Hy ferfangt dêr in oare Iridoanske Zabrak, Eeth Koth, dy't de rol fan 'e Jedi yn 'e Kloane-oarloggen langer net mear goedkrije kin mei de ideälen fan 'e Oarder. As lid fan 'e Hege Jedi Ried nimt Kolar diel oan riedplachtings dy't net inkeld oer de stân fan saken yn 'e oarloch geane, mar ek oer de fraach hoe't de Jedi oan moatte mei kânselier Palpatine. Dyselde hat himsels ûnder it mom fan 'e troch de oarloch feroarsake needsitewaasje nammentlik withoefolle bykommend foech ta-eigene en liket net ree om dêr frijwillich wer ôfstân fan te dwaan.

Dea

Anakin Skywalker bringt op in stuit it nijs dat de kânselier himsels oan him bekendmakke hat as Darth Sidious, de boasaardige Sith-master dy't it brein is efter alle tsjinrampen dy't yn 'e lêste desennia oer de Galaktyske Republyk kommen binne. Mace Windu, de lieder fan 'e Hege Jedi Ried, set mei Kolar en twa oare Jedi-masters, Kit Fisto en Saesee Tiin, nei it kantoar fan 'e kânselier ta om him te arrestearjen. Palpatine jout himsels lykwols net sûnder slach of stjit oer en der brânt in gefjocht mei de ljochtsabels los. Yn 'e earste pear sekonden fan dat gefjocht wit Palpatine fuortendaliks al Kolar en Tiin oer it mad te kommen en te deadzjen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.