After Earth
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurM. Night Shyamalan
produsintCaleeb Pinkett
Jada Pinkett Smith
Will Smith
James Lassiter
M. Night Shyamalan
senarioGary Whitta
M. Night Shyamalan
kamerarezjyPeter Suschitzky
muzykJames Newton Howard
filmstudioColumbia Pictures
Overbrook Entertainment
Blinding Edge Pictures
Relativity Media
distribúsjeSony Pictures Releasing
spilers
haadrollenJaden Smith
Will Smith
byrollenSophie Okonedo
Zoë Kravitz
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre1 maaie 2013
foarmlangspylfilm
sjenrescience fiction-aventoerefilm
taalIngelsk
spyltiid100 minuten
budget en resultaten
budget$130 miljoen
opbringst$232,9 miljoen

After Earth is in Amerikaanske post-apokalyptyske science fiction-aventoerefilm en coming-of-agefilm út 2013 ûnder rezjy fan M. Night Shyamalan, mei yn 'e haadrollen Jaden Smith en syn heit Will Smith. De titel betsjut "Nei [ôfrin fan] de Ierde". It ferhaal giet oer in heit en in soan dy't yn 'e 31e iuw, as de minskheid de Ierde al lang ferlitten hat, mei harren romteskip in needlâning meitsje moatte op 'e âlde thúsplaneet. Fan 'e filmkritisy krige After Earth negative resinsjes, en dat de haadrol nei de soan fan Will Smith gien wie, waans fermogen ta aktearjen oer it algemien as min wurdearre wurdt, waard rûnom sjoen as in foarm fan nepotisme. In protte kommentators seagen fierders parallellen tusken After Earth en de lear fan 'e scientologysekte. Nettsjinsteande it feit dat After Earth it yn 'e bioskopen bêst ridlik die, draaide it foar de produsinten út op in ferlies.

Plot

Tûzen jier yn 'e takomst hat de minskheid de Ierde fanwegen in wrâldwide miljeuramp al lang ferlitten om oare planeten te kolonisearjen. Dêrby binne se yn oarloch rekke mei in mysterieus ras fan bûtenierdske wêzens, de S'krell, dy't besykje de minsken út te rûgjen troch de planeten dêr't se har nei wenjen set hawwe, te besiedzjen mei saneamde ursa, moardsuchtige meunsters dy't blyn binne, mar eangst gewaarwurde kinne troch de útstjit fan feromoanen dy't mei de ûnderfining fan dy emoasje mank giet. De leden fan it Rangerkorps, de kriichsmacht fan 'e minskheid, kinne sokke wêzens oermânsk wurde troch it fielen fan eangst ôf te learen, sadat se ûnsichtber wurde foar de ursa.

Kitai Raige is de fyftjinjierrige soan fan generaal Cypher Raige, de opperbefelhawwer fan it Rangerkorps. Hy is in kadet dy't yn syn heite fuotleasten stappe wol. Ta syn argewaasje kedizet kommandant Velan fan 'e militêre akademy lykwols dat er in jier oerdwaan moat om't er noch net ree is om fierder te learen. Dat hat der alles mei te krijen dat Kitai op guon mêden té graach wol, om't er himsels bewize wol nei de dea fan syn âldere suster Senshi yn in gefjocht tsjin in ursa. Dat barde doe't er njoggen jier wie, en sûnt hat er himsels dêr altyd de skuld fan jûn, ek al wie der neat dat er deroan feroarje kinnen hie.

Faia, de mem fan Kitai, praat op har man yn om in bettere heit foar Kitai te wurden. De generaal beslút dêrop syn soan mei te nimmen op syn lêste misje foar't er ôfswaait. Yn itselde romteskip wurdt ek in finzennommen ursa ferfiert, dy't troch it Rangerkorps ynset wurde sil foar de training fan nije rekruten. Underweis wurdt it skip lykwols troffen troch in asteroïdestoarm, en hoewol't it troch in wjirmgat ûntkomme kin ear't it ferneatige wurdt, is it dêr sa slim troch skansearre rekke, dat it in needlâning meitsje moat op 'e neiste planeet dêr't minsken oerlibje kinne. Tafalligerwize is dat de lang ferlitten Ierde. Fan 'e hiele bemanning oerlibje inkeld Kitai en syn heit de needlâning, mei't it romteskip by it yngean fan 'e Ierdske atmosfear yn stikken brekt. Kitai komt mei de skrik frij, mar generaal Raige hat twa brutsen skonken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It needbeaken is by it delstoarten fan it romteskip fernield rekke, mar der is in reserveneedbeaken yn 'e sturtseksje fan it skip. It probleem is dat de sturtseksje op in ôfstân fan hûndert kilometer fierderop delkommen is. Raige hat sadwaande gjin oare kar as om syn jonge soan derop út te stjoeren om 'e sturtseksje en it reserveneedbeaken te sykjen, wêrby't er him begeliedt troch kamera's yn de jonge syn útris en in kommunikaasje-apparaat dat er om 'e earm draacht. Om't de atmosfear op 'e Ierde te min soerstof foar in minske befettet, jout Raige de jonge boppedat seis kapsules mei dy't folle binne mei in floeistof dy't de soerstofabsorbsje troch de longen ferbetteret. Dêrmei soed er de ôfstân nei de sturtseksje sûnder swierrichheden oerbrêgje kinne moatte.

Raige warskôget syn soan om 'e Ierdske fauna, dy't him oanpast hat oan 'e nije libbensomstannichheden, út 'e wei te gean. Ek moat de jonge derom tinke dat er hieltyd in waarmwetterboarne berikt ear't it tsjuster wurdt, om't de temperatuerferskillen tusken dei en nacht sadanich binne, dat er oars deafrieze sil. De ursa dy't yn it romteskip ferfierd waard, siet yn 'e sturtseksje, en it is it wierskynlikst dat dy by it delstoarten omkommen is. Mar Raige drukt syn soan op it hert dat er derfan útgean moat dat it meunster no frij omrint, sadat er net foar ferrassings komt te stean dêr't er net op rekkene hie.

De eigenwize Kitai ûntdekt dat alles dat syn heit him ferteld hat, wier is. Hy wurdt oanfallen en efterfolge troch in troep baviaaneftige apen, mar wit te ûntkommen troch in rivier oer te swimmen. Dêrby rint er lykwols troch de byt fan in bloedsûger in foarm fan bloedfergiftiging op dêr't er hast fan stjert. Letter ûntdekt er dat twa fan 'e seis kapsules mei it soerstofabsorbsjeferheegjend middel brutsen binne doe't er der fan 'e bloedfergiftiging hinne foel. Mei de oerbleaune kapsules kin er de sturtseksje net mear op 'e tiid berikke, dat syn heit jout him opdracht om werom te kommen. Kitai beslút lykwols om yn syn fleanpak fan in heech klif ôf te springen, om troch te fleanen syn reistiid yn te koartsjen sadat er mei de oerbleaune kapsules takin.

Under it fleanen wurdt Kitai oanfallen troch in reuseftige rôffûgel, dy't him út 'e loft plôket en dêrby de kommunikator oan syn earm fernielt. As er wer by bewustwêzen komt, leit er yn in mânsk nêst, dêr't de rôffûgel in stikmannich piken hat. It is dúdlik de bedoeling dat dy Kitai opfrette sille, mar om't Kitai fierders allinne wat blauwe plakken oprûn hat, binne se te lyts om him wier te bedriigjen. In troep grutte kateftigen kringt it nêst yn om 'e piken te ferslinen. De rôffûgel smyt ferskaten yn 'e djipte, en yn it nêst sels besiket Kitai de piken te ferdigenjen. Nettsjinsteande dat komme dy úteinlik dochs allegear om, mar datselde jildt foar de kateftigen. Kitai ferfolget syn wei, wêrby't er no oanhâldend folge wurdt troch de rôffûgel.

Hy bout in flot en lit himsels in rivier ôfsakje, wêrby't er yn 'e sliep falt. As er nei in libbene dream oer Senshi wekker wurdt, is it hast tsjuster en sakket de temperatuer as in fallende bakstien. Kitai giet oan lân en stommelet in skoftke wezenleas om, oant er beswykt oan 'e kjeld en derhinne falt. Neitiid wurdt er fuortsleept. As er de oare moarns wekker wurdt, befynt er him yn in tsjustere kûle ûnder wat strewelleguod. Hy kladderet derút en ûntdekt dat de rôffûgel him nei de kûle tasleept hat en harsels mei útsprutsen wjukken oer de strewellen hinne drapearre hat om him waarm te hâlden. Sels is it bist yn 'e nacht oan ûnderkuolling deagien.

Kitai berikt de sturtseksje, dêr't er ûntdekt dat de ursa it delstoarten trochstien en de oerlibjende bemanningsleden deamakke hat. Hy siket nije kapsules mei soerstofabsorbsjeferheegjend guod op, sadat er wer normaal sykhelje kin, en ek it reserveneedbeaken, dat lykwols net blykt te wurkjen. De sturtseksje fan it romteskip is delkommen oan 'e foet fan in lava en jiske útkoarjende fulkaan, en de ionisearring fan 'e atmosfear dy't dêrtroch feroarsake wurdt, keart it sinjaal fan it beaken tsjin. Der sit sadwaande neat oars op as nei de top fan 'e fulkaan te klimmen, wêrby't Kitai efterfolge wurdt troch de ursa. Yn dy konfrontaasje wit Kitai úteinlik te learen hoe't er syn eangst ûnderdrukke kin. Dêrnei makket er it meunster sûnder folle swierrichheden ôf en set it beaken oan, dat it op dy hichte wol docht. In rêdingsteam komt op it beaken ôf en rêdt sawol Kitai as generaal Raige, wêrnei't heit en soan mei nij respekt foarinoar weromkeare nei harren thúsplaneet Nova Prime.

Rolferdieling

Jaden Smith.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kitai Raige Jaden Smith
generaal Cypher Raige Will Smith


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Faia Raige Sophie Okonedo
Senshi Raige Zoë Kravitz
kommandant Velan Glenn Morshower
haad befeiliging Kristofer Hivju
piloat fan 'e Hesper Sacha Dhawan
navigator fan 'e Hesper Chris Geere
feteraan Diego Klattenhoff
Kitai Raige, 9 jier Jaden Martin
Kitai Raige, 3 jier Sincere L. Bobb
soldaat McQuarrie David Denman
kadet Bo Lincoln Lewis
trainende kadet Shiva Prabhukumar
Rayna Isabelle Fuhrman

Produksje en distribúsje

Produksje

After Earth waard regissearre troch M. Night Shyamalan nei in senario fan himsels en Gary Whitta op basis fan in idee fan Will Smith. Dyselde betocht it doe't er mei syn sweager Caleeb Pinkett nei it tillefyzjeprogramma I Shouldn't Be Alive siet te sjen, in dokumintêresearje oer lju dy't (mar krekt) bizarre foarfallen oerlibbe hawwe. De basis fan it ferhaal wie dat in heit en in soan in ûngemak krije en dat de soan ôfsette moat op in ûnmooglike tocht om help te sykjen foar syn ferwûne heit. Oarspronklik soe dat 'gewoan' in auto-ûngemak wêze op in ôfhandich plak yn 'e wyldernis, mar letter kaam Smith op it idee om it ferhaal tûzen jier yn 'e takomst te pleatsen. De senarioskriuwers wurken it doe fierder út, en neitiid waard it senario noch fierder 'oppoetst' troch skriptdokters Stephen Gaghan en Mark Boal en psycholooch Jonathan Young.

As produsinten wiene Smith syn sweager Caleeb Pinkett, syn frou Jada Pinkett Smith, hysels, James Lassiter en regisseur Shyamalan by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Smith syn eigen Overbrook Entertainment, Blinding Edge Pictures en Relativity Media. Foar de film wie in budget beskikber fan $130 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Suschitzky, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard. De opnamen sette yn febrewaris 2012 útein. De film waard fierhinne opnommen op lokaasje yn Kosta Rika, Kalifornje (Humboldt County) en Pennsylvania (Aston Township).

Distribúsje

De distribúsje fan After Earth waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 1 maaie 2013 yn Tokio yn premiêre en op 29 maaie yn New York, wêrnei't er op 31 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene.

Untfangst

Ynhâldlike resinsjes

Fan 'e filmkritisy krige After Earth oer it algemien negative resinsjes. Yn The New York Times skreau Manohla Dargis dat de film neat oars wie as "in oefening yn idelteuterij foar op it grutte skerm." Yn 'e Los Angeles Times skreau Betsy Sharkey: "It skript hat gjin nuansearring, hielendal gjint. En as Shyamalan yn 'e regisseurssit plaknimt, wurde sokke senarioswierrichheden útfergrutte." Scott Foundas fan it tydskrift Variety naam After Earth foar bewiis oan dat Shyamalan in "hierling" wurden wie, mei't "syn desynteresse fan begjin oant ein fielber is."

Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian neamde After Earth "wer sa'n kompromisleas ferskriklike film […] mei in trijeklap fan freeslik aktearjen, regissearjen en senarioskriuwen." Hy parte de film 1 fan 5 stjerren ta. Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com foel út 'e toan om't er After Earth wól in goede film fûn en him 31/2 fan 4 stjerren joech. Hy omskreau de film as "in moraliteit yn 'e momkape fan in science fiction-kaskreaker. It is gjin klassiker, mar wol in spesjale film." Ferskate oare resinsinten skreaune dat After Earth yn ferhâlding ta The Last Airbender, de foargeande film fan regisseur Shyamalan, hiel aardich slagge wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie After Earth in leech goedkarringspersintaazje fan 11%, basearre op 211 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in saai stikje sentimintele science fiction dat wrakselje moat om foarút te kommen, en is de jongste tsjinramp yn 'e ienris gâns ûnthjittende karriêre fan regisseur M. Night Shyamalan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle After Earth in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 41 resinsjes.

Parallellen mei scientology

In tal filmkritisy, ûnder wa Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone en Manohla Dargis fan 'e krante The New York Times, seagen yn 'e plot, dialooch en bylden fan After Earth parallellen mei de lear fan 'e scientologysekte, sa't dy fêstlein is yn it wurk fan L. Ron Hubbard. Matt Patches fan it blôch Vulture wiisde op 'e fermiende konneksjes tusken akteur Will Smith en scientology, en neamde After Earth dêr "oant no ta it dúdlikste bewiis" foar. Yn The Hollywood Reporter waard in artikel ôfprinte dat skreaun wie troch it eardere scientology-lid Marc Headley, dy't deselde parallellen yn 'e film waarnom.

David S. Touretzky, heechlearaar oan 'e Carnegie Mellon Universiteit, dy't rûnom erkend wurdt as ekspêr op it mêd fan scientology, wie it dêr lykwols net mei iens. Hy skreau: "De tematyk fan 'e film liket frij gewoane kost te wêzen foar aventoerefiksje: fysike moed, coming-of-age, heit/soan-relaasjes, it opnimmen tsjin gefaar om jinsels te bewizen en it respekt fan jins heit te winnen. Dat binne gjin scientologytema's. Der wurdt net ferwiisd nei kweadaardige psychiatry, ferstânsbehearsking, engrammen, ensfh."

Beskuldigings fan nepotisme

Der wie in protte krityk op it feit dat Jaden Smith de wichtichste haadrol yn After Earth spilet. (It wie de twadde film wêryn't heit en soan Smith tegearre te sjen wiene, nei The Pursuit of Happyness út 2006.) Yn The Atlantic skreau Christopher Orr oer Jaden Smith: "It ûntbrekt him alhiel oan it garisma op it wite doek dat syn heit ta ien fan 'e grutste stjerren fan Hollywood makke hat." En Gary Wolcott fan 'e Tri-City Herald skreau "De 15-jierrige Jaden jout net blyk fan folle talint en hat nul komma nul garisma." Neffens Alex Pappademas fan Grantland wie After Earth in "pronkwein yn 'e optocht fan it nepotisme," en Mikhail Lecaros fan GMA beskreau de film as "losslein fan sûn ferstân en elts doel (útsein nepotisme)."

Gary Susman fan it foaroansteande Amerikaanske tydskrift Time reägearre op dy beskuldigings troch te skriuwen: "Yn Hollywood is sok nepotisme gjin sûnde; feitliks is it faak wat dêr't de ferkeap mei befoardere wurdt." Yn it blêd Variety wiisde David S. Cohen derop dat "famyljeleden yn jins eigen filmprojekten op te nimmen bepaald gjin nijs is, mar it jout mar selden oanlieding ta sokke minachtsjende reäksjes." Op 'e webside NewsOne.com suggerearre Abena Agyeman-Fisher dat de krityk op heit en soan Smith foar nepotisme mar amper ferhoalen rasisme wie en in foarbyld fan in dûbele mjitstêf dy't tapast waard foar swarten. Neffens Charlie Lyne fan The Guardian hat nepotisme lykwols altyd al in stigma droegen en wiene sokke reäksjes te ferwachtsjen.

Reäksje fan Will Smith

Yn in fraachpetear út 2015 mei it Amerikaanske tydskrift Esquire omskreau akteur Will Smith After Earth as "de pynlikste mislearring" fan syn karriêre. Ek joech er útdrukking oan syn spyt dat er syn soan Jaden yn 'e produksje behelle hie. Hy ferliek After Earth yn negative termen mei in oare flopte film fan sines, Wild Wild West.

Resultaat

Opbringst

After Earth brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $60,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $172,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $232,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $130 miljoen soe dat in winst betsjutte fan $102,9 miljoen. Troch de mânske marketingkosten kamen de studio's lykwols net út 'e kosten en litten se, neffens The Hollywood Reporter, sels in ferlies fan likernôch $20 miljoen. Bûten de Feriene Steaten die After Earth it it bêste yn 'e Folksrepublyk Sina, dêr't de film yn 'e bioskopen $34,5 miljoen binnenswile.

Prizen

Jaden Smith waard foar syn rol yn After Earth nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste teenagesimmerstjer. De soundtrack fan James Newton Howard waard nominearre foar in World Soundtrack Award. By de Golden Raspberry Awards, de prizen foar de minste prestaasjes op it mêd fan film, waard After Earth nominearre foar minste film, M. Night Shyamalan foar minste regisseur, en it skript fan 'e film foar minste senario. Jaden Smith 'wûn' de Golden Raspberry Award foar minste akteur, Will Smith 'wûn' 'e priis foar minste byrol fan in akteur, en tegearre 'wûnen' se ek noch de priis foar it minste filmduo.

Skraste franchise

After Earth hie oarspronklik it earste diel fan in filmtrilogy wurde moatten, dy't sels de basis foarmje soe fan in mediafranchise mei in live action-tillefyzjesearje, in tekenfilmsearje, fideospultsjes, attraksjes yn ferdivedaasjeparken, dokumintêres, in edukaasjeprojekt y.g.m. de NASA, in platfoarm op 'e sosjale media en rûkersguodlinen. Troch it ferlies fan 'e film gie dat allegear net troch en waarden alle plannen foar fuortsetting fan it ferhaal yn ferfolchfilms of oare media skrast.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.