Admiraals Bierbrouwerij wie in produksjebrouwerij yn Aldtsjerk dy't fiif soarten bier brout. Der wurdt eigen bier broud, mar ek yn opdracht fan Fryske brouwerijhierders, dy't ek sels bieren brouwe kinne ûnder tasjend each fan eigner en broumaster Gerrit Admiraal.

Skiednis

De brouwerij is yn 2013 úteinset mei in produksjefolume fan 120 hl yn it jier. Yn 2017 wie de brouwerij foar tsientallen opdrachtjouwers aktyf en waard der goed 1.000 hl op jierbasis broud. Dêrmei is de brouwerij as produsint fan ambachtlike streekprodukten fan fêste wearde wurden foar de spesjaalbierwrâld.

De brouwerij hat yn de rin fan de tiid in oantal prizen wûn. Sa is de by de brouwerij broude Grutte Pier Tripel troch de World Beer Awards yn 2015 en 2016 útroppen ta de bêste tripel fan Nederlân. Yn 2015 waard foar De Kroon op Leeuwarden neffens Entree Magazine it Lekkerste Huisbier fan Nederlân broud: de Paddy O' Ryan Rosemary Porter. Yn 2016 waard ek de Kammeraat fan dizze brouwerij bekroand ta bêste stout fan Nederlân.

Der waard úteinlik jierliks 1.200 hektoliter bier broud. Der waarden allinnich boppegistende bieren broud en der koe ôffolle wurde op standertflessen lykas BNR, Vichy (APO ), Longneck en Biere Belge.

Mei yngong fan 2024 is Gerrit Admiraal opholden mei de brouwerij.

Assortimint

  • Aldtsjerker Blond
  • Aldstjerker Quadrupel
  • Aldtsjerker Tripel
  • Aldtsjerker Witbier
  • Port of Moskou (Russian Imperial Stout)

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.