Aden
Polityk
LânJemen
GûvernemintAden
Sifers
Ynwennertal760.923 (2012)
Oerflak760 km²
Befolkingsticht.1000 / km²
Hichte6 m
Oar
TiidsôneGMT (UTC+3)
Dizze side giet oer de stêd yn Jemen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Aden (betsjuttingsside).
Strjitte yn Aden (1999)
Aden (yn Braun & Hogenberg 1590)

Aden (Arabysk: عدن) is in stêd in de Republyk Jemen net fier fan de eastlike tagong fan de Reade See (de Golf fan Aden), sa'n 170 kilometer beëasten Bab-el-Mandeb. It hiele stedsgebiet wenje sa'n miljoen minsken. Aden syn âlde, natuerlike, haven leit yn de krater fan in sliepende fulkaan dy't no in skiereilân foarmet en mei in lege istmus oan it fêstelân ferbûn is. De âlde haven waard foar it earst brûkt yn de tiid fan it Keninkryk Awsan tusken de 5e en 7e iuw foar Kristus. De moderne haven leit oan de oare kant fan it skiereilân.

Aden bestiet út in tal dielen: de haven, it yndustrygebiet (bekend as Lyts Aden) en Madinat asj-Sja'ab (it eardere Al-Ittihad), it regearsintrum. De foarstêden Khormaksar en Sheikh Othman lizze benoarden de âlde stêd.

Aden wie de haadstêd fan Súd-Jemen oant dat lân wer ien waard mei Noard-Jemen. Dêrnei waard de stêd ta frijhannelssône ferklearre.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.