Adema's Tsjerke-oargelbou is in bedriuw dat tsjerke-oargels bout en dat yn 1855 yn Ljouwert ûntstien is.
Ljouwert
De oargelmakkerij waard mei úteinset troch de bruorren Carolus Borromeus Adema (1824-1905) en Petrus Josephus Adema (1828-1919). In tredde broer, Johannes Romanus Adema (1834-1862), wurke ek mei. In fjirde, Epko Adema, boude de kasten en ek de fyfde broer, de boukundige Adrianus Adema (1825-1870), holp wol mei. Beide bruorren krigen har oplieding by firma's lykas Van Dam yn Ljouwert, Willem Hardorff yn Ljouwert, Bätz & Witte yn Utert en Loret.
Yn dy tiid waarden de folgjende oargels boud:
- 1856 - Leimuiden, R.K. tsjerke.
- 1858 - Sint-Nyk, R.K. tsjerke. Fan 1928 - 1966 hat it ynstrumint yn de Herfoarme tsjerke fan Oost-Knollendam stien. Nei sluting fan dy tsjerke waard it yn 1966 nei restauraasje oerbrocht nei de Goede Herdertsjerke yn Terneuzen.
- 1862 - Nes (ferdwûn)
- 1863 - Wolvegea, RK tserke (grutste part ferdwûn)
- 1863 - Wergea - Doopsgesinde tsjerke
- 1866 - Ljouwert, Sint-Dominicustsjerke
- 1867 - It Hearrenfean, Hillige-Geasttsjerke
- 1869 - Aldehaske, Herfoarme tsjerke
Ljouwert en Amsterdam
Nei't sa benammen yn Fryslân oargels boud wienen, gongen de Adema's no ek yn Amsterdam oan 't wurk, fanwegen in grutte opdracht foar de Mozes en Aärontsjerke. De folgjende oargels waarden boud:
- 1871 - Amsterdam, Mozes & Aarontsjerke, offisjele namme: de H. Antonius fan Padua
- 1871 - Valkkoog, Herfoarme tsjerke
- 1872 - Ferwert, Herfoarme tsjerke
- 1872 - Grou, Doopsgesinde tsjerke
- 1872 - Feanhuzen, R.K.tsjerke
- 1873 - Egmond oan See, Ald-katolike tsjerke
- 1873 - Sleat, Doopsgesinde tsjerke
- 1874 - Oudkarspel, Herfoarme Sint-Maartenstsjerke
- 1874 - Amsterdam, Sint-Piusgesticht
- 1875 - Dearsum, Nikolaastsjerke
- 1876 - Bodegraven, Luterske tsjerke
- 1876 - Amsterdam, Sint-Jakobsgesticht
- 1877 - Stedskanaal, R.K. tsjerke
- 1877 - Almkerk, Herfoarme tsjerke
Ljouwert
Yn 1877 waard it bedriuw spjalte. It bedriuw yn Ljouwert bleau bestean ûnder lieding fan Carolus Borromeus en letter dy syn soannen Lambertus Theodorus Adema (1864- 1931) en Sybrandus Johannes Adema (1863-1941). Sy namen it bedriuw yn 1905 oer. Yn 1941 waard it opheft. De neifolgjende oargels waarden dêr makke:
- 1888 - Alde Pekela, RK-tsjerke
- 1890 - Lollum, Grifformearde tsjerke
- 1899 - Ljouwert, Sint-Bonifatiustsjerke
- 1910 - Balk, Sint-Ludgerustsjerke
- 1911 - Wergea, Sint-Martinustsjerke
- 1923 - Bakhuzen, Sint-Odulfustsjerke
- 1926 - Jirnsum, Sint-Markustsjerke
- 1933 - It Hearrenfean, Hillige Geasttsjerke
Amsterdam
Yn Amsterdam gie Petrus Josephus fierder, letter yn 'e mande mei en opfolge troch syn soannen. Oant 1984 wie dat bedriuw oan de Lauriergreft fêstige. Harren oargels:
- 1876 - Amsterdam, it Hûs Jacob
- 1877 - Voorhout, Seminary Hageveld
- 1878 - Ommen, R.K. tsjerke
- 1880 - Wagenberg, Sint-Gummarustsjerke
- 1885 - Kaatsheuvel, Hefroarme tsjerke
- 1885 - Warkum, Sint-Werenfridustsjerke
- 1888 - Frjentsjer, Sint-Franciscustsjerke
- 1890 - Amsterdam, Hillige Willibrord bûten de Veste.
- 1891 - Haarlim, Us-Leaf-Frou fan de Roazekrânstsjerke (Spaarnetsjerke)
- 1893 - Nes oan de Amstel, Sint-Urbanustsjerke
- 1898 - Harns, Sint-Michaelstsjerke
- 1898 - Zwaagdijk-East, Sint-Joseftsjerke
- 1899 - Pijnacker, Hillige Joannes de Dopertsjerke
- 1898 - Uitgeest - Us-Leaf-Frou Bertetsjerke
- 1900 - Kwintsheul, Sint-Andreastsjerke
- 1901 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke
- 1901 - IJmuiden, Sint-Georgiustsjerke
- 1902 - Gouda, Us-Leaf-Froutsjerke
- 1903 - Amsterdam, Sint-Dominikustsjerke
- 1904 - Amsterdam, De Krijtberg
- 1904 - Weesp, Protestantenbûn
- 1904 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou Gasthûs
- 1905 - Amsterdam, Vondeltsjerke
- 1906 - Haarlim, Sint-Joseftsjerke
- 1906 - Amsterdam, Hubertuskapel
- 1907 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, transeptoargel
- 1912 - Swol, Dominikanentsjerke
- 1913 - Haarlim, Sint-Antoniuskerk aan de Groenmarkt
- 1914 - Lisse, Sint-Agatatsjerke
Ek Sybrand Adema en Joseph Adema wurken dêr (1877-1943)
Fan Sybrand binne de oargels:
- 1916 - Amsterdam, Sint-Annatsjerke
- 1923 - Amsterdam, De Liefde
- 1926 - Amsterdam, Sint-Augustinustsjerke
Fan Joseph binne de oargels:
- 1923 - Amsterdam, De Duif
- 1924 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, ôfbou transeptoargel
- 1925 - Amsterdam, Sint-Vincentius a Paolotsjerke
- 1927 - Swol, Sint-Michaeltsjerke
- 1933 - Hillegom, Sint-Joseftsjerke
- 1934 - Hilfertsom, Hillich-Herttsjerke
- 1935 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke
- 1936 - Amsterdam, Sint-Pankratiustsjerke
Nei't Joseph Adema stoarn wie waard de lieding fan it bedriuw fuortset troch syn neef, Hubert Schreurs, en waarden de folgjende oargels boud:
- 1944 - Grins, Sint-Josefkatedraal, koaroargel
- 1951 - Westervoort, Sint-Werenfridustsjerke
- 1957 - Amsterdam, Martelders fan Gorcumtsjerke
- 1957 - Bloemendaal, Kleaster Bethanie
- 1960 - Den Haach, Tomaskleaster
- 1960 - Stienwikerwâld, stúdzjesintrum Geldringen
- 1961 - Zevenaar, Sikenynrjochting foar de Liemers
- 1961 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Lourdestsjerke
- 1963 - Amsterdam, Hillige Pius X tsjerke
- 1964 - Amsterdam, Pedagogyske Akademy Magister Vocat
- 1964 - Haarlim, Sint-Jan de Dopertsjerke
- 1965 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Sân Smertentsjerke
- 1965 - Rotterdam, Tsjerke fan de Hillige Krúsfining
- 1970 - Amsterdam, Ferpleechhûs Vreugdehof
- 1970 - Heeswijk, Abdij fan Berne
- 1974 - Oudkarspel, Allemanstsjerke
Hubert Schreurs stoar yn 1981 en syn soan Antoine Schreurs gie mei it bedriuw fierder. Njonken in protte restauraasjes waard in nij oargel boud:
- 1984 - Bodegraven, Sint-Willibrordustsjerke
Fan 2002 ôf waard it bedriuw fuortset troch in meiwurker, Ronald van Baekel. Yn 2003 ferhuze it bedriuw nei Hillegom en fuortset ûnder de namme: Adema's Kerkorgelbouw, mar de famyljebân mei de Adema's wie doe ferbrutsen. Neist restauraasjes waard nij boud:
- 2002 - Laren, Sint-Jansbasilyk