Adamstown
Lizzing fan Adamstown
Lizzing fan Adamstown
Polityk
LânFeriene Keninkryk
TerritoariumPitcairneilannen
BoargemasterShawn Christian (2014)
Sifers
Ynwennertal48 (2012)
Oerflak4,6 km²
Befolkingsticht.10 / km²
Oar
Stifting1790
TiidsôneUTC
SimmertiidUTC
Offisjele webside
[]

Adamstown is de lytste gebietshaadplak fan de wrâld mei syn 48 (2014) ynwenners. It is it ienige plak fan de Pitcairneilannen, dy't by it Feriene Keninkryk hearre, en leit oan de noardeastkant fan it eilân Pitcairn.

Skiednis

It plak ûntstie doe't in stikmannich oproermakkers fan de HMS Bounty op it eilân lânen mei in tal Tahityaanske manlju en froulju. It plak is ferneamd nei John Adams, de lêste oproermakker dy't oerblean wie yn 1800 en dêrnei it plak bestjoerde en syn eigentlike foarm joech. Yn de skiednis waard it eilân twa kear evakuearre nei Tahity en Norfolk, mar hieltyd giene der bewenners werom en bleau it plak bestean. De befolking naam stadichoan ta en yn 1937 hie it plak 233 ynwenners. Dêrnei sakke it ynwennertal bot, foaral troch emigraasje. In protte huzen yn it doarp steane leech en de befolking sit al in skoft yn noed oer syn fuortbestean op it eilân.

De befolking hat sterke bannen mei Pitcairners om utens. Yn Nij-Seelân, Tahity en Austraalje (foaral op Norfolk) wenje in protte Pitcairners. Op Norfolk wenje sa'n 1000 neisieten fan de rebûljemakkers dy't yn 1856 kamen, doe't de folsleine befolking fan Pitcairn nei Norfolk oerbrocht waard.

De befolking libbet fan lânbou, fiskerij, it ferkeapjen fan postsegels en it meitsjen fan miniatuerreplika's fan de HMS Bounty út Mirohout.

Persoanen út Adamstown

  • Fletcher Christian (1764–1793)
  • John Adams (1768–1829)
  • Ned Young (1762–1800)
  • Thursday October Christian (1790–1831)
  • Meralda Warren (b. 1959)
  • Joshua Hill (1773–1844?)
  • Steve Christian (b. 1951)

Galery

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.