Adam Smith (Kirkcaldy, ± 5 juny 1723 - Edinboarch, 17 july 1790) wie in Skotske moraalfilosoof en in pionier op it mêd fan de politike ekonomy. Adam Smith wie ien fan de wichtichste figueren fan de Skotske Ferljochting. Hy is de auteur fan The Theory of Moral Sentiments en An Inquiry into the Nature and Causes of the Wealth of Nations. Dat lêste wurk, meastentiids ôfkoarte as The Wealth of Nations, wurdt beskôge as syn magnum opus, it earste moderne wurk yn de ekonomy.
Smith wurdt beskôge as de heit fan de moderne ekonomy en as ien fan de grûnlizzers fan it klassike liberalisme. Hy fûn dat it neistribjen fan it eigen yndividuele belang ek yn it grutste maatskiplik belang resultearje soe. In frije merk soe it measte opleverje foar de maatskippij as gehiel. De 'ûnsichtbere hân' fan dizze frije merk soe soargje foar harmonij en lykwicht.
Smith studearre moraalfilosofy oan de Universiteit fan Glasgow en de Universiteit fan Oxford. Nei syn ôfstudearjen joech hy in súksesfolle rige fan iepenbiere kolleezjes oan de Edinboarch, wêrtroch't hy yn kontakt kaam mei David Hume, mei wa't hy dêrnei nau gearwurkjen bleau. Smith krige in heechlearaarskip oan de Universiteit fan Glasgow, dêr't hy moraalfilosofy dosearde. Yn dizze tiid skreau en publisearre hy The Theory of Moral Sentiments. Letter yn syn libben akseptearre hy in tutoring posysje, dy't him by steat stelde om troch Europa te reizgjen. Op syn reizen kaam hy yn de kunde mei in oantal fan de yntellektuele swiergewichten út syn tiid. Neidat Smith wer nei Skotlân gien wie, wurke hy tsien jier oan it skriuwen fan The Wealth of Nations. Dit wurk waard yn 1776 publisearre. Hy ferstoar yn 1790.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|