Accell Group NV is in Nederlânske holding dêr't in oantal Jeropeeske fabrikanten fan benammen fytsen ûnder falle. Bûten fytsen makket de Accell Group ek fitnessapparaten.

Fabrikaazje

Accell Group hat in oantal fabriken yn Nederlân, Dútslân, Frankryk, Hongarije en Finlân. En der wurde healprodukten út it Fiere Easten kocht. De produksjeplakken yn Nederlân binne It Hearrenfean (Batavus en Koga Miyata) en Apeldoorn (Sparta). Yn Dútslân binne produksjebedriuwen yn Sennfeld (Winora en Staiger). Yn it Hongaarske Tószeq is in produksjebedriuw dêr't benammen Hercules, mar ek Sparta fytsen makke wurde. Yn Finlân wurde fitnessapparaten makke, en yn Frankryk binne produksjebedriuwen yn Andrézieux en Dijon

Ferkeap

By de min ofte mear selsstannige ferkeaporganisaasjes fan de ferskate merken is Accell Group ek eigner fan Seattle Bike Supply, in Amerikaansk bedriuw dat him taleit op it ûntwerpen, bouwen en ferkeapjen fan BMX fytsen, Loekie, in Nederlânsk merk foar bernefytsen, it Dútske Bike Parts dat in leveransier is fan ûnderdielen oan de fakhannel, Tunturi, in Finske fabrikant fan fitnessapparaten en fytsen, Bremshey, in Dútske fabrikant fan fitnessapparaten en Juncker Bike Parts, dat ûnderdielen en accessoires leveret oan de Nederlânske fakhannel.

Management

De rie fan bestjoer bestiet út (2006):

  • René J. Takens (CEO)
  • Hielke H. Sybesma RC (CFO)
  • Jeroen M. Snijders Blok (COO)
in BMX fyts

Merken

Dizze merken binne ûnderdiel fan de Accell Group:

  • Dútslân
    • Hercules (komplete kolleksje)
    • Staiger (toerfytsen, hybride, en reesfytsen)
    • Winora (komplete kolleksje)
  • Finlân:
    • Tunturi (fitnessapparaten)
  • Frankryk:
    • Lapierre (ATB, hybride, reesfytsen, bernefytsen)
    • Mercier (djoerdere fytsen)
  • Nederlân:
    • Batavus (folsleine kolleksje fytsen)
    • Loekie (bernefytsen)
    • Sparta (folsleine kolleksje, wêrûnder elektryske fytsen.
    • Koga-Miyata (djoerdere fytsen)
  • Feriene Steaten:
    • Redline - BMX fytsen
  • Sweden:
    • Kronan (transportfytsen)

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.