Abû Dabi أبو ظبي | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Arabyske Emiraten | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 896.751 (2009) | |
Oerflak | 67,34 km² | |
Befolkingsticht. | 13.317 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | FAE standert tiid (UTC+4) | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee (arabysk) |
Abû Dabi (Arabysk: أبو ظبي ʾabū ẓābī, letterlik 'heit fan 'e gazelle') is de haadstêd fan it emiraat Abû Dabi en fan de Feriene Arabyske Emiraten. It is in havenstêd op in skiereilân mei in T-foarm oan de Perzyske Golf. De bevolking waard yn 2000 op 1 miljoen ynwenners rûsd, wêrfan ûngefear 80% bûtenlanners. Abu Dhabi International Airport is de lofthaven fan de stêd.
In grut part fan de ynwenners fan Abû Dabi binne expats út lannen as India, Pakistan, Egypte, Banglades, de Filipinen en meardere Arabyske lannen. Abu Dhabi wurdt laat troch Khalifa bin Zayed Al Nahyan, dy't ek presidint is fan de Feriene Arabyske Emiraten.
Autosport: Formule 1
Sûnt 2009 wurdt elk jier de Grutte Priis fan Abu Dhabi op it eilân Yas ferriden. De earste Formule 1-race wie op 1 novimber 2009. De winner fan dizze race wie Sebastian Vettel (Red Bull).
Golfsport
Abu Dhabi hat de Abu Dhabi Golf Club mei in 27-holes baan. Yn 2004 waard de earste edysje fan it Abu Dhabi Golf Kampioenskip hâlden. Winners wienen oant 2010 ta Chris DiMarco (2006), Paul Casey (2007), Martin Kaymer (2008) en wer Paul Casey (2009).
Partnerstêden
- Bethlehem, Palestynske Autoriteit
- Madrid, Spanje
- Houston, Feriene Steaten
- Brisbane, Austraalje
- Islamabad, Pakistan
- Minsk, Wyt-Ruslân
- Nicosia, Syprus
- Iquique, Sily
- Roskilde, Denemark
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abu Dhabi fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|