Abruzzen | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | l'Akwila |
Oerflakte | 10.794 |
Befolking | 1.300.000 |
Befolkingstichtens | 120 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Gran Sasso d'Italia (Korno Grande): 2912 |
Oantal gemeenten | 305 |
Provinsjes | l'Aquila, Chieti, Pescara, Teramo |
Abruzzen (Italjaansk: Abruzzi of Abruzzo) is in regio yn súdlik sintraal Itaalje, oprjochte yn 1963. De namme is ôflaat fan it Latynske Aprutium dat safolle betsjut as Lân fan de swinen. Foarhinne makke de regio tegearre mei Molise diel út fan de regio Abruzzen en Molise (oant 1963). Yn it noardwesten grinzet de regio oan Marche, yn it westen oan Umbrje, yn it suden oan Latium, yn it súdeasten oan Molise en yn it easten oan de Adriatyske See.
It Lânskip
De regio beskikt oer in soad moaie natuergebieten en der binne trije grutte nasjonale parken: Gran Sasso-Laga, Maiella en Abruzzo. Yn it lêste park libbe noch brune bearen. De twa heechste toppen fan de Apeninen lizze ek yn Abruzzo, it binne de Gran Sasso (2912 meter) en de Majella (2795 meter). Oare natuerlike nijsgjirrichheden binne de Salanchi fan Atri en it uterste suden fan de Abruzzyske kust: de Punta Penna en Kosta dei trabossi. De regio is ek ryk oan marren dy't al dan net stood binne krektas it Mar fan Barrea, Mar fan Kampotosto en Mar fan Bomba.
Nijsgjirrichheden
De meast nijsgjirrichste stêden fan de regio binne L'Akwila, Teramo, Sulmona, Lansiano, Sity, Fasto en Atri. De grutste stêd is Peskara, it ekonomyske hert fan de regio. Lykwols hat dizze stêd de toerist net folle te bieden (útsein de moaie strânbûlevaar). De berchdoarpen fan Abruzzo binne yn it meastepart fan de gefallen, benammen yn 'e provinsje L'Akwila, tige moai en net oantaasten troch de tiid. In prachtich foarbyld hjirfan is bygelyks Pasentro.
Oan de kust is it toerisme reedlik ûntwikkele. De wichtichste plakken hjir binne Roseto degli Abruzzi, Pineto, Giulianova en Montesilvano
Natuerparken
Yn de Abruzzen binne fjouwer grutte natuerparken te finen. De bysûnder rike berchfloara en fauna fan de omjouwing is beskerme. Neist de earder ferneamde brune bear libje der yn it gebiet ek Apenynske wolven en stienbokken.
- Parco Nazionale d'Abruzzo
- Parco Nazionale del Gran Sasso e Monti della Laga
- Parco Nazionale della Majella
- Parco Regionale Sirente Velino
Provinsjes en wichtige stêden
Provinsje | Ofkoarting | Haadstêd | Wichtige plakken | ||
L'Akwila | AQ | L'Akwila | Sulmona, Avezzano | ||
Sity | CH | Sity | Lansiano, Fasto, Ortona | ||
Peskara | PE | Peskara | Montesilvano | ||
Teramo | TE | Teramo | Atri, Roseto degli Abruzzi | ||
Foto's
- Rokka Kalaskio
- Lansiano
- Kampotosto
- Pasentro
- Trabokko
Keppeling om utens
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje |