Abel (1218 - 29 juny 1252) wie kening fan Denemark fan 1250 - 1252 en hartoch fan Sleeswyk (1232-1252). Hy wie in soan fan kening Waldemar II fan Denemarken en fan Berengaria, de dochter fan Sancho I fan Portegal. Syn bruorren wienen kening Erik IV en syn opfolger Christoffel (I). Hy wie troud mei Mechtildis fan Holstein (in dochter fan greve Adolf IV fan Holstein) en hja soe nei syn dea, yn 1261, mei Birger Jarl wertrouwe.
Bern
- Waldemar III (-1257)
- Erik I (± 1240-1272)
- Sofia (± 1240-1284)
- Abel (1252-1279)
Abel folge syn broer Erik IV nei syn dea per 1 novimber 1250 op. Erik IV is grif troch twa fan Abel syn oanhingers ombrocht op in reis fan Erik troch Sleeswyk. Abel en fjouwerentweintich eallju leinen de dobbelt tylvter-ed (twa dozinen eed) ôf en beswarren dat hartoch Abel gjin diel yn de moard hân hie. It wurdt (en no noch altiten) wiid en siid leaud dat kening Erik IV wis wol op befel fan syn broer Abel fermoarde is. Abel af navn, Kain af gavn (Abel fan namme, Kaïn yn dieden) soe de befolking sizze.
Kening Abel en keninginne Machteld soenen sa'n oardel jier regearje. Op 29 juny 1252 kaam Abel, en in soad fan syn eallju, om yn in gefjocht mei de Friezen ûnder oanfiering fan Sicko Sjaerdema yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein). Syn soan Waldemar waard op dat stuit finzen hâlden troch de aartsbiskop fan Keulen om losjild te krijen. Om dy reden waard de jongste broer fan Erik IV en Abel, Kristoffel I, op krystdei 1252 as kening kroane.
Abel syn neisieten - it Laach Abel- soenen oant 1375 oer Súd-Jutlân regearje, faak yn ko-regintskippen mei harren sibben yn Holstein, en soargen foar in permanint probleem foar it Deensk gesach. Harren bestjoer betsjutte de start fan de definitive ôfskieding fan Súd-Jutlân fan it keninkryk Denemark.
Foarâlden
Foarâlden fan Abel fan Denemark (1118-1152) | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Oerpake en beppe | Knoet Lavard (1096-1131) ∞ 1093 Ingeborg fan Kiev (-1131) |
Volodar Gļebovič (1115-nei 1186) ∞ Rikissa fan Poalen (1116-1156) |
Alfons I fan Portugal (1110–1185) ∞ 1146 Mathilde fan Savoye (1121-1158) |
Ramon Berenguer IV fan Barcelona (1113-1162) ∞ 1150 Petronella fan Aragón (1135–1174) | ||||
Pake en beppe | Waldemar I fan Denemark (1131–1182) ∞ Sophia fan Minsk (1141-1198) |
Sancho I fan Portugal (1154-1212) ∞ 1175 Dulce fan Barcelona (1160-1198) | ||||||
Alden | Waldemar II fan Denemark |