Abdij fan Corvey: westkant
Abdij fan Corvey no

De Keizerlike abdij fan Corvey (Dútsk: Stift Corvey as Fürstabtei Corvey) wie in Benediktynsk kleaster oan de rivier de Weser, twa km noardeastlik fan Höxter, no yn Noardryn-Westfalen, Dútslân. It kleaster waard stifte yn 815 as Corbeia nova en yn 822 op 'en nij boud op it plak fan no. It westwurk (Westwerk, dat is de westgevel) is it âldste diel fan it gebou dat no noch stiet; it datearret fan 885.

Iere skiednis

It kleaster waard yn 815 troch de Abdij fan Corbie yn Pikardje stifte ûnder de Latynske namme Corbeia Nova (Nij-Corbie) by de rivier de Weser. It kleaster waard yn 822 fannijs oprjochte troch de bruorren Adalardus, abt fan Corbie, en Wala fan Corbie ûnder beskerming fan keizer Loadewyk de Fromme, de soan fan Karel de Grutte. Adalardus en Wala wiene neven fan Karel de Grutte en Adalardus wie riejouwer oan it hof fan Karel de Grutte. De abdijgebouwen waarden yn 823 yn gebrûk naam. Adalardus rjochte in tal lânboukoloanjes op en lânbouwers út Flaanderen kamen de muontsen helpen de lân oan te meitsjen.
Adalardus waard abt fan beide abdijen. Dy taak frege in soad fan syn lea. Hy waard siik op 23 desimber 826 en ferstoar op 2 jannewaris 827. Adalardus waard begroeven ûnder de toer fan de kleastertsjerke. Syn broer Wala folge him as abt op.

Yn de njoggende en tsiende iuw waard de Abdij fan Corvey in mulpunt fan kultuer yn Noard-Jeropa. Yn dy tiid skreau Widukind fan Corvey syn Sakseskiednis, it Res gestae saxonicae. Yn de biblioteek fan it kleaster wiene de earste fiif boeken fan de Annales fan Tasitus. Ut Corvey kaam in tal sindelingen dy't warber wiene yn Noard-Jeropa. De wichtichste fan harren wie Ansgar, de "apostel fan Skandinaavje". In wichtige boarne foar de skiednis fan de Midsiuwen wiene de Annalen fan Corvey (Annales Corbejenses). Mei de bou fan de út trije skippen besteande basilyk waard yn 830 úteinset en yn 844 wijd. Ut dy tiid komme ek de kelders fan it westwurk. De fresko's út de njoggende iuw dêre stelle bylden foar út de iere Aldheid fan de Odyssee. De tuorren oan de westkant waarden tusken 873 en 885 boud en binne de âldste noch hieltyd besteande midsiuwske gebouwen yn Westfalen.
Under abt Wibald fan Stablo (Stavelot) (1146-1158) waard it westwurk útwreide ta de hjoeddeiske foarm en krige it kleaster de ryksfrijheid (Reichsunmittelbarkeit). Hy slagge der yn en foarmje in lyts gebiet fan 5 km², dy't ek ryksfrij wie en grinzge oan it prinsbisdom Paderborn, dêr't it geastlik ek by hearde.

By it kleaster hearre ek de resten fan de stêd Corvey. De stêd waard troch de abten as tsjinhinger fan it neiere Höxter stifte. De stêd waard yn 1267 ferwoastge nei in oanfal fan de biskop fan Paderborn en de boargers fan Höxter. De lêste resten waarden yn de sechtjinde iuw ferlitten. Yn de omkriten fan it kleaster is ek de ruïne fan de proasdy tom Roden.
De Abdij hie ek besittings yn Fryske gebieten lykas Reiderlân yn de Ommelannen.

Lettere jierren

It gebiet fan Corvey yn de achttjinde iuw

It kleaster rekke skansearre yn de Tritichjierrige Kriich (1618-1648), mar waard stadichoan wer opboud yn barokke styl yn syn hjoeddeiske foarm. Yn de jierren dêrnei rekke it kleaster faai. Men koe net genôch geastliken fine, want geastliken moasten fan aadlik komôf wêze en der kamen hast gjin geastliken mear út de adel. Men besocht it kleaster te ferheffen ta bisdom om de ûndergong tefoaren te kommen. Men woe it benediktynske karakter leaver al oanhâlde.

Yn 1788 frege de abdij einlings foar sekularisaasje oan by de paus, dy't it kleaster yn 1792 ophefte en it kleastergebiet ta prinsbisdom ferhefte. De kleasterlingen waarden ferheft ta domhearen. Yn 1815 waard it in part fan it keninkryk Prusen en yn 1825 waard it bisdom offisjeel opheft.

Oansicht op it slot fanút it noarden wei

Lângreve Victor Amadeus ferboude de kleastergebouwen as in slot (paleis). Yn 1834 it waard eigendom fan Victor fan Hohenlohe-Schillingfürst, fan it Hûs Hohenlohe. Yn 1840 krige er de titel Hartoch fan Ratibor en Foarst fan Corvey fan kening Freark Willem IV fan Prusen. It slot is hjoed-de-dei noch hieltyd yn it besit fan de famylje.

Bibleteek

De ferneamde abdijbibleteek is der al lang net mear. Dochs de prinslike bibleteek, in aristokratyske famyljebibleteek, dy't út sa'n 67.000 boeken bestiet en om 1834 hinne ôfsletten, is noch hieltyd yn it paleis. Yn de samling is ek in hoemannichte Ingelske romans.
Ek is der it grêf fan de dichter August Heinrich Hoffmann von Fallersleben, dy't as bibliotekaris de Fürstliche Bibliothek Corvey fan de hartoggen fan Ratibor en de foarsten fan Corvey mei sa'n 74.000 boeken útwreide.

Wrâlderfgoed

De Abdij kaam op de UNESCO-Wrâlderfgoedlist te stean yn juny 2014. Allinne it westwurk is lykwols oerbleaun fan it oarspronklike Karolingyske bouwurk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.