Aartswâld | ||
Tsjerke fan Aartswâld. | ||
Polityk | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Opmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 465 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1719 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 44 'NB, 4° 57 'EL | |
Offisjele webside | ||
Doarpsried Aartswâld | ||
Kaart | ||
Aartswâld (Nederlânsk en offisjeel: Aartswoud) is in doarp yn 'e West-Fryske gemeente Opmeer yn 'e provinsje Noard-Hollân. Fuort by it doarp leit it natoergebiet Weelpolder.
Aartswâld hat 465 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Skiednis
De plaknamme komt yn 1319 foar as Edaertswoud, de namme soe ferwize dat dit it wâld wie fan 'e famylje of persoan Edaert, in Fryske namme. Letter waard de namme ferbastere nei ûnder mear Aertswoud (1450) en Aertzwoude (1573) oant de hjoeddeiske stavering.
Yn 'e midsiuwen en oant de droechlizzing fan earst it Alderlannetocht en de lettere Wieringermar lei Aartswâld noch oan see, de Sudersee. It leit noch wol altyd oan 'e Westfryske Omringdyk, mar de haven is ferdwûn. In diel fan 'e Wieringermar is ferneamd nei it doarp, dat diel hjit Aartswâlderhaadwyk en leit tusken it doarp Middenmeer en Alderlannetocht.
Gebouwen
- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Aartswâld.
In bekend bouwurk yn it doarp is de herfoarme tsjerke út 1884 mei syn 16e-iuwske toer. De ryk fike hearebank komt út 1641 en wie neffens it ôfbylde wapen fan de Sieuske famylje Soete fan Laecken. It oargel waard yn 1885 boud troch de Dútske oargelbouwer Richard Paul Ibach.
Ferhalen geane dat de fjouwerkante toer fan 'e tsjerke ek as fjoertoer brûkt waard om't de kust by Aartswâld as tige gefaarlik te boek stie. It ûntstekken fan it fjoer op 'e stompe toer soe ek wol dien wêze om skippen mei opsetsin yn swierrichheden te bringen. By in skipbrek koe de (earme) befolking fan it doarp dan profitearje fan it guod dat oanspielde. It is net bekend oft en hoe faak soks troch Aartswâlders tapast is.
Ien fan 'e âldste gebouwen is in earder kafee út de 15e iuw, letter brûkt as wenhûs. It kafee rûn goed yn 'e perioade dat Aartswâld in doarp mei in soad walfiskfarders wie.
Bij Aartswâld stiet ek de poldermûne Westuit Nr. 7. Nei dendrochronologysk ûndersyk yn 2010 waard fêststeld dat de mûne yn 1541 boud waard. Dêrmei is it mooglik de âldste mûne fan Noard-Hollân.[1]
Musea
- Kowefeemuseum.[2]
Berne
- Agnes de Vries-Bruins (1874-1957), arts, politika
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|