Aartsingel Michaeltsjerke
Архангельская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Jaroslavl | |
adres | Ul. Pervomajskaja 67 | |
koördinaten | 57° 37' N 39° 53' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1657—1682 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 761510380890006 | |
Webside | ||
arhangela.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
De Aartsingel Michaeltsjerke (Russysk: Церковь Архангела Михаила) is in Russysk-otterdokse tsjerke yn 'e stêd Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke stiet tichteby it 'Kleaster fan de Transfiguraasje fan de Hear' oan 'e kant fan 'e Kotorosl.
Katedraal
De skiednis fan 'e tsjerke is te ferdielen yn twa fazes. Yn 'e midskiuwen tsjinne de tsjerke neffens de lokale oerlevering as it godshûs fan 'e prinsen fan it Foarstedom Jaroslavl. De muonts Pachomius stelde yn syn yn 1530 gearstalde wurk oer it libben fan 'e prinsen Vasili Vsevolodovitsj en Konstantin Vsevolodovitsj fêst, dat Konstantin Vladimirski de Aartsingel Michaeltsjerke tagelyk bouwe liet mei de katedraal fan Jaroslavl. Dat soe dan bestjutte dat de tsjerke út it jier 1215 stamt.
Neffens in 18e-iuwsk hânskrift, dat yn 'e tsjerke bewarre wurdt, datearret de bou fan 'e ynearsten ûnder de namme fan 'Tsjerke by de Poarte' bekend steande tsjerke út de jierren 1213-1216. Dy earste tsjerke soe neffens it skriuwen oant 1295 bestien ha. Doe soe Anna, de twadde frou fan prins Fjodr de Swarte en de dochter fan Nogai Khan, it beslút nommen ha om in nije tsjerke te bouwen en dy as katedraal te wijen oan 'e aarstingel Michael. Tsjintwurdich giet men der earder fan út dat de skoanheit fan Fjodr de Swarte net Nogai wie, mar in oare kahn fan 'e Gouden Heap, nammentlik Mengu Temur.
Ut de tiid fan prinses Anne binne oant hjoeddedei de folgjende ikoanen fan 'e tsjerke bewarre bleaun:
- it ikoan fan 'e Aartsingel Michael (nei de Oktoberrevolúsje út de tsjerke ferwidere en oerbrocht nei de Tretjakovgalery).
- it ikoan fan Us-Leaffrou-fan-Vladimir yn in sulveren skyld boppe de keninklike doarren fan 'e ikonostaze.
- it ikoan fan Us-Leaffrou-fan-Smolensk (neffens de histoarikus Hilarion A. Tikhomirov (1861-1933) troch Fjordr de Swarte yn 1283 meinommen út syn bertestêd Smolensk).
- it ikoan fan Antonius fan Egypte.
De hjoeddeiske tsjerke
Mei de bou fan 'e tsjerke sa't dy der no stiet waard yn 1657 begûn. De bou duorre langer dan dy fan eltse oare tsjerke fan Jaroslavl en earst yn 1682 waard de tsjerke foltôge. Fanwegen de lokaasje yn in sloboda fan 'e Streltsy krige it godshûs de funksje fan garnizoenstsjerke. Njonken de lokaasje fan 'e tsjerke yn 'e buert fan de Streltsy spriek ek it patrosinium fan 'e tsjerke foar de nauwe bannen mei it leger: de aartsingel Michael is nammentlik de patroanhillige fan wapendragers. Wilens de lange boutiid feroare de Jaroslavlske tsjerke-arsjitektuer en yn 'e Michaeltsjerke binne de eigenskippen fan 'e beide boustylen goed ferstjintwurdige.
It grûnplan fan 'e Michaeltsjerke is hast identyk oan 'e oarspronklike bou fan 'e Jaroslavlske Nikolaas Nadeinatsjerke en de Elíatsjerke. De tsjerke wurdt droegen troch fjouwer pylders op in hege ûnderbou, dêr't guod foar de hannel fan d'e tichteby lizzende merk opslein wurde koe. Oan it noarden en it westen slute oan 'e fjouwerkante tsjerke mei trije absissen galerijen oan. Beide galerijen hiene oarspronklik in heech skildereftich foarportaal, wêrfan't allinnich it westlik portaal bewarre bleau. Op 'e noardwestlike hoeke fan 'e tsjerke is neffens de tradysje yn Jaroslavl de toer mei in tintefoarmige bekroaning boud. Der binne twa kapellen, ien op it noarden en ien op it suden. Ek it heechste diel fan 'e tsjerke is kenmerkend foar de Jaroslavlske tsjerkebou út de jierren 1670-1680: fiif foarse sipels mei yn 'e trommels ramen. De tradisjonele bôgen (de saneamde zakomar's) ûnder de koepels binne ferfongen troch in skeef dak, sadat de snie dêr net mear ophoopje koe en maklik fan it dak ôfglied en de fertikaliteit fan it bouwurk aksintuearre waard. De geveldekoraaasje bestiet út kaders om de iepeningen en kassetten, mei yn it midden keramiken tegels, dy't benammen oan 'e kant fan it foarportaal talryk binne.
De beskildering fan 'e muorren mei fresko's troch in groep lokale skilders ûnder lieding fan Fjodr Fedorov datearret fan 1731. Yn 1781 waard yn de súdlike galerij de waarme tsjerke ta eare fan 'e Ferkundiging ûnderbrocht. Yn oanfolling op de ikoanen besiet de tsjerke û.o. in weardefol sulveren krús mei in dieltsje hout fan it krús dêr't Kristus oan stoar en tsientallen oare reliken fan hilligen.
20e iuw
De bolsjewiken sletten de Michaeltsjerke yn 1924 en sûnt sette it ferfal yn. Weardefolle saken en âlde dokuminten waarden út de tsjerke stellen en dûkten letter yn musea op en de fresko's waarden alderheislikst skeind. De bakstiennen ôffreding bleau yn dy tiid bewarre, mar sûnder de poarte.
Yn 1994 waard de tsjerke oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. De wintertsjerke waard it earste restaurearre, wylst de simmertsjerke sletten bleau. Yn 2000 waarden de brânskildere ramen restaurearre en waard der foar in part op 'e nij pleistere.
Alle jierren yn augustus is de Michaeltsjerke ien fan 'e lokaasjes fan it saneamde Transfiguraasjefestival. By dat koar- en muzykfestival kinne musisi mei houten instruminten yn 'e tsjerke harren talinten demonstrearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:
|