In aartsdiakonaat wie part fan in bisdom. De earste bisdommen dy't ûntstiene yn de Lette Aldheid en Iere Midsiuwen wiene gauris grut dat de biskoppen aartsdiakens oanstelden dy't de taken yn de fier ôflizzende gebieten waarnamen en nei ferrin fan tiid waard harren macht oan in bepaald gebiet fêstkeppele, dat it aartsdiakonaat neamd waard.

Untstean fan it amt fan it aartsdiakonaat

Yn de fjirde iuw waarden aartsdiakens oansteld as haad fan it kolleezje diakens en stiene ûnder in biskop. In aartsdiaken stie de biskop by by de administraasje fan it bisdom, tafersjoch op de geastliken ûnder him en soarch oan de earmen. Nei it útwreidzjen fan de tsjerklike struktuer yn it Frankyske Ryk waarden fan de njoggende iuw ôf de koerbiskoppen ferfongen troch aartsdiakens. Yn fier ôf lizzende of slimmer te berikken gebieten stelden de biskoppen proasten, dy't fertsjintwurdigers fan in kapittel wiene, oan as aartsdiakens dy't harren taken dêre waarnamen. As der in fisitaasje wie, krigen se ynstruksjes mei fan de biskoppen. Hja hiene it gesach oer de preesters fan harren gebiet en hja moasten de disipline fan de tsjerke oer de geastliken en de befolking fuortsterkje. Lykwols wie it foech en de rjochten fan de aartsdiakens net dúdlik omskreaun en ferskilde it fan de iene mei de oare bisdom.

Foarming fan aartsdiakonaten

De aartsdiakens krigen harren eigen distrikten tawiisd, dy't yn âldere boarnen as parochys oantsjutten waarden. Sûnt de alfde iuw waarden dy distrikten as "aartsdiakonaten" oantsjutten, dy't sels ferskate lânguod en dekanaten omfiemje koene. In fierdere ûnderferdieling fan de aartsdiakonaten of de dekanaten wiene de aartspreesterskippen.

It fêstlizzen fan in amtsgebiet fan in aartsdiaken gie mank mei it ferselsstannigjen fan in aartsdiakonaat. Hja stelden sels preesters oan en hja holden seendrjochten, dêr't geastliken bestraft waarden dy't oertrêdings diene, en dêrby út harren amt setten wurde koene. Hja hiene dêrby it rjocht ta ekskommunikaasje. Dêrmei waarden de aartsdiakonaten selsstannige ienheden, dêr't de aartsdiakens net mear troch de biskoppen weromroppen wurde koene, om't hja ûnôfhinklike amtsdragers wiene. Yn uterste gefallen koene machtige aartsdiakens it haneeljen fan de biskop tige beheine. Fanwegen it grutte tal taken fan de aartsdiakens name se sels amtners en fikarissen oan part fan harren taken waar te nimmen. Yn oare bisdommen bleaune de aartsdiakens lykwols fan de biskop ôfhinklike fikarissen.

It ynwijen fan aartsdiakens barde ynearsten allinnich neffens de foarskriften dêrfan, dochs waard dat amt einlings gauris troch preesters útoefene, dy't fansels net as biskop ynwijd waarden. Yn in stikmannich bisdommen hiene aartsdiakens de titel as koerbiskop. Yn guon gefallen waarden se mar ynwijd ta subdiakens of leken, om't it amt bûn wie oan in fêste prebende yn it Domkapittel of de Stiften. Dêrtroch koe it amt fan in aartsdiaken in goede winst opbringe.

Skeel mei biskoppen en ein fan it amt

De grutter wurdende rjochten fan de aartsdiakens en harren ynkommen laten gauris ta misbrûk, dy't fluch oanpakt wurde moast. Doe't yn de trettjinde iuw de aartsdiakens gauris ta rivalen fan de biskoppen waarden, besochten de biskoppen harren macht te beheinen. Hja makken nei it neamen fan eigen amtners en fikarissen nije konkurrinten fan de aartsdiakens. Yn de Lette Midsiuwen ferlearen de aartsdiakens in soad macht yn it foardiel fan de biskoppen, dy't harren macht wer fergrutsje koene. Ek it Domkapittel, dat ek sterker stie, stribben dernei en behein de macht fan de aartsdiakens.

Mei de Konsily fan Trente waarden de aartsdiakens harren fisitaasjerjocht, it rjocht ta ekskommuniksaasje en it rjocht tsjerklike strafsaken te fieren, ûntnaam. Dêrtroch ferdwûnen de measte aartsdiakonaten, mar guon koene fanwegen de Reformaasje, dy't in ferskuorrend effekt hie, en fanwegen geunstige politike foarfallen oant yn de njoggentjinde iuw bestean bliuwe. Dêrnei waard de titel fan in aartsdiaken yn de katolike tsjerke mar in earetitel foar fikarissen, dy't sa no en dan takind wurde.

Yn de Anglikaanske Tsjerke binne dêrfoaroer bisdommen ûnderferdield yn aartsdiakonaten.

Yn Fryslân

It Fryslân yn de Midsiuwen hie gjin eigen bisdommen. De Fryske gebieten foelen ûnder it Bisdom Utert, it Bisdom Múnster, Bisdom Osnabrück en it Bisdom Bremen en dy hiene ferskate aartsdiakonaten, dy't wer ûnderferparte waarden yn dekanaten. De aartsdiakonaten yn Fryslân wiene:

Bisdom Utert
Bisdom Múnster
Bisdom Osnabrück
Bisdom Bremen

De grinzen fan de aartsdiakonaten en de dekanaten holden ferbân mei de lânskiplike ûntjouwing, sa as bygelyks feanterijen en âlde bestjoerlike grinzen. De grutte útham dy't Sint-Jan hie yn de omkriten fan Wâldsein rjochting De Lemmer hold ferbân mei it lânmeitsjen fan Snits en Drylts ôf. It dekanaat Bornegoa waard foarme om de tsjerke fan Aldeboarn hinne en hold ek ferbân mei it lânmeitsjen dêre.

Fan om 1300 hinne ôf kamen in soad tsjerken en guon dekanaten oan grutte Fryske kleasterabdijen. De kommanderije fan de Dútske Oarder yn Nes by Akkrum krige it dekanaat Bornegoa en it dekanaat Winsum kaam ûnder it Kleaster Lidlum. Dat allegear betsjutte dat de biskoplike macht yn it fiere Fryslân op in bline wei rûn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Archidiakon


  • Schroor, Drs. M.: De wereld van het Friese landschap
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.