Aart Lus & Ed Lip | ||
band | ||
Aart Lus & Ed Lip op it poadium fan Omrop Fryslân by it befrijingsfestival 2009 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Liwwadders | |
bestean | 2008-2010 | |
leden | ||
Jan Petersen | ||
Cor Giesing |
Aart Lus & Ed Lip wie in Frysk elektroduo (Hiphop) oprjochte yn Ljouwert en wie aktyf tusken 2008 en 2010
Skiednis
Aart Lus is in alias fan Jan Petersen, dy’t ek muzikaal ek aktyf wie as 'Grootmeester Jan'. Ed Lip hjit yn it echt Cor Giesing. Ed & Aart begûnen harren muzikale wurkpaad yn maart 2008 mei it útbringen fan harren single Ik bin su eil. [1] De single is folslein sprutsen yn it Liwwadders. De kombinaasje fan elektro en 'dialekt' late ta de yntroduksje fan de term Dialektro. Yn it neijier fan 2008 waard de single op it Frysk Popgala keazen ta 'Song fa it Jier 2008'. It nûmer waard in súkses, mei troch in stickerkampanje yn Ljouwert.
De lêste single fan it duo is Supe! Foar dizze single frege it duo iderien filmkes op te stjoeren fia de webside, hjir soene se dan de nije fideoklip meitsje.[2] Yn 2008 makken se it liet Mien peukn want dy wie Ed altyd kwyt.
Yn 2009 makken se noch Skeef inne panty mar yn 2010 stoppe it duo.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|