aalstplanten
Taksonomy
ryk:planten (Plantae)
(sûnder rang):draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk:lânplanten (Embryophyta)
boppestamme:faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme:blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang):ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse:siedplanten (Spermatophyta)
klasse:bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang):twasiedblêdigen
(sûnder rang):asteriden
skift:hynsteblomeftigen (Asterales)
famylje:hynsteblommen (Asteraceae)
ûnderfamylje:asters (Asteroideae)
boppetûke:asters (Asterodae)
tûke:poddekrûden (Anthemideae)
skaai:aalst (Artemisia)
Linnaeus, 1753

Ta de aalstplanten of koartwei aalst (Artemisia) wurde alle planten fan it skaai Artemisia rekkene.

Ferskate soarten fan dit skaai komme yn Nederlân en Belgje foar:

  • Absintaalst - Artemisia absinthium
  • Artemisia ludoviciana (adventyf út Noard-Amearika)
  • Byfoet of Blanke Aalst - Artemisia vulgaris (komt in soad foar yn bermen en op rûge plakken)
  • Dúnaalst - Artemisia campestris
  • Rjochte Alsem - Artemisia biennis
  • See-Alsem - Artemisia maritima

Dêrneist wurde Sitroenkrûd (Artemisia abrotanum) en dragon (Artemisia drancunculus) kweekt. Aalst wurdt ek wol Aals, Alsem of Alst neamd.

De namme Aalst ferwiist yn it bysûnder nei de Absintaalst (Artemisia absinthium). Oan de knoppen fan dizze plant wurdt fanâlds in genêskrêftige wurking taskreaun. It bittere ôftreksel fan dizze knoppen foarmet in wichtich bestândiel fan de dranken Vermout en (klassike) Absint. De smaakstof dy't dêrby in rol spilet is it nei Mentol rûkende Terpeen Thujon.

Keppeling om utens

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.