Aad de Koning | ||
sporter | ||
De Koning, winner NH-doarpetocht 100km, Purmerend 1954 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Adrianus Jacobus Petrus de Koning | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 25 desimber 1928 | |
berteplak | Poarmerein | |
stjerdatum | 29 maaie 2010 | |
stjerplak | Súdeastbeemster | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaanriden, Maratonriden | |
O.S. | Sankt-Moritz 1948 |
Adrianus Jacobus Petrus (Aad) de Koning (Poarmerein, 25 desimber 1928 – Súdeastbeemster, 29 maaie 2010) wie in Alvestêderider.
Under prima omstannichheden waard op 3 febrewaris 1954 in tiid riden dy't 31 jaar lang net ferbrutsen wurde soe: 7 oeren en 35 minuten. De einsprint wie spannend, om't op it lêste stik oer de Noarderbrêge klune wurde moast. Aad de Koning sprinte mei Jeen van den Berg, Jan Charisius, Anton Verhoeven en Jeen Nauta oer de laach strie nei it lêste stik iis ta. Dêr foel Charisius, en Van den Berg en Verhoeven sprinten. Yn de gaos tochten se oer de finish te gean, mar krigen se te let foar 't ferstân dat de einstreek 500 meter fierderop lei. Jeen van den Berg gie úteinlik as earste oer de finish, en Aad de Koning waard twadde.
Yn 1956 kaam De Koning tagelyk mei Jeen Nauta, Anton Verhoeven, Maus Wijnhout en Jan J. van der Hoorn oer de finish. Se waarden diskwalifisearre omdat se hân-yn-hân oer de einstreek rieden.