Aabenraa

Åbenrå

Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
Polityk
Lân Denemark
regio Súd-Denemark
gemeenteAabenraa
Sifers
Ynwennertal16.401 (2022)
Oar
Stifting1231
Postkoade6200 Aabenraa
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten55° 2' N 9° 25' E
Offisjele webside
aabenraa.dk
Kaart
Aabenraa (Denemark)
Aabenraa

Aabenraa (lokale foarkarstavering) of Åbenrå (foarkarstavering fan de Deenske Taalried; beide kearen útspraak: obenroo; Dútsk: Apenrade) is in stêd yn de regio Súd-Denemark yn it suden fan Jutlân en mei likernôch 16.000 ynwenners it grutste plak fan de gemeente Aabenraa. De stêd leit bewesten it fjord fan Aabenraa oan de Lytse Belt.

Skiednis

Oarspronklik in doarpke oan de rivier waard it plak foar it earst yn 1231 neamd.

Aabenraa makke syn heechtijdagen yn de jierren 1750 oant 1864 mei, doe't de skipfeart in grutte bloei meimakke troch de hannel op de Middellânske See, Sjina, Súd-Amearika en Austraalje. Op Kopenhagen en Flensburg nei hie Aabenraa de grutste keapfardersfloat fan it Keninkryk Denemark. De skipswerven stiene bekend om de skippen dy't boud waarden, it meast bekend wie de klipper 'Cimber', dy't fan 1857 yn 111 dagen fan Liverpool nei San Fransisco farde.

Oant 1864 hearde Aabenraa ta it Deenske hartochdom Sleeswyk, dat nei de Twadde Sleeswykske Kriich troch Denemark oan Prusen ôfstien wurde moast. Nei de Earste Wrâldkriich mocht de befolking troch it Ferdrach fan Versailles yn in referindum kieze foar oansluting by Dútslân of Denemark. Yn Aabenraa keas in mearderheid (55,1%) foar Dútslân, mar om't it resultaat foar it hiele gebiet fan sône 1 gau, waard Aabenraa krekt lykas de rest fan Súd-Jutlân wer mei Denemark ferienige.

It besjen wurdich

  • De histoaryske binnenstêd: de strjitten Slotsgade, Nygade, Store Pottergade en Vægterpladsen foarmje in sletten rige fan 18e-iuwske hûzen fan ambachtslju. Karakteristyk binne de hûzen mei ien ferdjipping en in puntgevel nei de strjitte ta mei in erker mei grutte ramen, sadat de wurkjende ambachtslju op 'e strjitte sjoen wurde koene.
  • De oarspronklik 13e-iuwske Nikolaitsjerke.
  • Slot Brundlund mei de âlde wettermûne.
  • It letklassisistyske gemeentehûs út 1840.
  • De Galgenberg is in útsjochpunt oer de stêd en de haven.

Musea

  • Keunstmuseum Brundlund Slot (webstee) mei in keunstsamling fan nei 1920 en wat 19e-iuwsk wurk.
  • Kultuerhistoarysk Museum Aabenraa (webstee), kultuerhistoarysk en seefeartmuseum/
  • Sønderjysk Spejdermuseum (lyts museum oer de paadfinerij).

Oargelmakkerij

Yn 1806 waard yn Aabenraa de tsjintwurdich ferneamde oargelbouwer Marcussen & Søn stifte, dy't oer de hiele wrâld oargels boudt.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aabenraa fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.