AVN Award | ||
![]() | ||
De útrikkingsseremoanje yn 2012. | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | pornografyske film | |
útrikt troch | AVN | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | jannewaris | |
plak | Las Vegas (Nevada) | |
ynsteld | 1984 | |
1e útrikking | 1984 | |
offisjele webside | ||
www.avnawards.com |
De AVN Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films en alles dat dêrmei te krijen hat. Dizze prizen wurde útrikt troch AVN (Adult Video News), it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Krekt as Amerikaanske mainstream-prizen (Oskar, Emmy, Tony, ensfh.) hawwe ek dizze prizen in bynamme krigen, ntl. de Woody (wat sawol in foarnamme is as in sprektaalterm foar "ereksje"). De AVN Awards wurde wol de Oskars fan 'e pornoyndustry neamd, mei't se op har eigen mêd in ferlykbere prestizjeuze status hawwe. Se binne opparte yn hast 100 ferskillende kategoryen.
Utrikking
De AVN Awards besteane sûnt febrewaris 1984. De útrikking fynt op 't heden plak yn begjin jannewaris, ûnder it AVN Adult Entertainment Expo yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Sûnt 2008 wurdt in ta 90 minuten ynkoarte ferzje fan 'e seremoanje útstjoerd op 'e betelstjoerder Showtime.
GayVN Awards
Prizen foar homoseksuële pornografy makken fan 1986 oant 1998 ûnderdiel út fan 'e AVN Awards. Fanwegen it almar tanimmende oantal kategoryen is dêr yn 1999 in eigen groep prizen foar ynsteld: de GayVN Awards.
Kategoryen
Net mear besteande kategoryen tusken heakken.
Produksjekategoryen
Artystekategoryen
Oer it hiele jier nommen
Foar in spesifyk optreden
N.B.: De oantsjuttings "film" en "fideo" slane op it medium dêr't de oangeande film/sêne op opnommen is. Alle titels waarden/wurde inkeld op fideobân/dvd útjûn.
Sekssênekategoryen
Technyske kategoryen
Spesjaliteitskategoryen
Marketingkategoryen
Spesjale kategoryen
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |